Tjeerd Bottema: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
kat
oanf fan nl
Rigel 1:
[[Ofbyld:Tjeerd Bottema - Katwijk.jpg|thumb|''Boarstbyld Tseard Bottema, Voorstraat Katwijk'']]
[[Ofbyld:Tjeerd Bottema.JPG|thumb|''Tekst ûnder it byld'']]
'''Tjeerd Bottema''' ( [[Langsweagen]], [[6 febrewaris]] [[1884]] - [[Katwijk]], [[9 maart]] [[1978]] ) wie in Fryske skilder en grafikus. It [[Frysk Grafysk Museum]] op [[De Jouwer]] hat in soad ynformaasje en wurk fan him.
 
Tjeerd kaam út in keunstsinnich laach, syn broer [[Tsjerk Bottema]] wie ek skilder en grafikus. Syn beide dochters [[Hil Bottema|Hil]] (Hillegonda) en [[Johanna Bottema]] wienen ek keunstners.
Nei de basisoplieding tekenjen by Rosenbeek op It Hearrenfean folge er jûnslessen oan de ambachtsskoalle. Dêrnei gie Bottema nei de Ryksakademy yn Amsterdam. Hy wie ûnder oaren learling fan [[August Allebé]], [[Antoon Derkinderen]], [[George Sturm]] en [[Nicolaas van der Waay]]. Yn 1904 helle hy de akte tekenjen en wûn yn 1907 de Prix de Rome. Hy wurke yn Laren, oan de Houtwei 472.
 
Tseard Bottema wurke yn [[Frankryk]], [[Itaalje]], [[Spanje]], [[Marokko]] en [[Ingelân]]. Hy brûkte hast alle techniken fan de frije skilderkeunst en de grafyk. Hjirfoar makke hy ek wurk yn opdracht. Syn ferneamdste wurk is it byldmerk fan de [[RVS]], de man mei de wannelstôk, de frou mei de paraplu en harren hûntsje, út [[1905]].
 
As illustrator makke er de tekeningen foar de boeken fan de protestants-kristelike skriuwers [[Anne de Vries]] en [[W.G. van de Hulst sr.|W.G. van de Hulst]], mar hy makke ek tekeningen foar it sosjalistyske tydskrift ''De Ware Jacob''. In troch him makke tekening fan in swalker ynspirearre de skriuwer [[John H. uit den Bogaard]] ta it skeppen fan de TV-figuer [[Swiebertje]].<ref>[http://www.ncrv.nl/ncrv?nav=npemKsHtGAKNXG NCRV]</ref>
 
 
{{boarnen|boarnefernijing=
<references/>
'''Bibliografie:'''
*Bruyel-van der Palm, Frédérique ''Tjerk en Tjeerd Bottema'' (1990) útjouer. De Drijvende Dobber, Gersloot, ISBN 90-70330-10-5
*Bottema, Tjeerd ''Mijn leven'' (1976) útjouwer. Lykele Jansma, Buitenpost , ISBN 90-6272-001-3
}}
 
[[Kategory:Fryske keunstner|Bottema, Tjeerd]]