Tafelberch (Súd-Afrika): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
J'88 (oerlis | bydragen)
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
st
Rigel 1:
[[Ofbyld:Table Mountain DanieVDM.jpg|thumb|right|250px|''De Tafelberch, sjoen fan Bloubergstrân ôf. Links fan de berch leit Duvelspyk en rjochts Liuwkop.'']]
 
De '''Tafelberch''' by [[Kaapstêd]] yn [[Súd-Afrika]], is in [[tafelberch]] op de westlike kaap dy’t útsjocht oer Kaapstêd. De berch komt werom yn de [[flagge fan Kaapstêd]] en oare lokale skaaimerken. It is in grutte toeristelûker foar Kaapstêd en Súd-Afrika. De berch makket ûnderdiel út fan it [[Nasjonaal park Tafelberch]].
Rigel 5:
Yn Kaapstêd wurdt de Tafelberch wol as referinsjepunt brûkt foar it reizgjen yn de stêd. De rjochting en ôfstân wurdt ôflaat fan de Tafelberch.
 
== Skaaimerken ==
De Tafelberch is in berch mei in platte kop, in plato. De lingte hjirfan is likernôch trije kilometer, omklamme mei steile kliffen. Oan de eastkant fan de Tafelberch leit [[Duvelspyk]] en oan de westkant fan de Tafelberch steane de [[Tolve Apostels]] en de [[Liuwkop]].
 
It heechste punt op de Tafelberch is ''MacLear syn BakenBeaken'' op 1086 meter. 19 meterMeter heger danas it kabelkarstasjonkabelkarrestasjon op de berch. Dit plak hat namme fan [[Sir Thomas Maclear]] krigen, dy’t yn [[1865]] hjir it klipstalbakenklipstalbeaken boud hat. Fan in echte top is net te sprekken, omdat de hiele boppekant fan de berch relatyf flak is
 
==Skiednis==
[[Ofbyld:De Villiers reservoir.jpg|thumb|right|200px|''It De Villiers reservoir op de Tafelberch.'']]
 
De earste minske wêrfan bekend is dat dy de top fan de Tafelberch helle hat wie [[Antonio de Saldanha]] yn [[1503]].
 
Fiif damen binne boud tusken [[1896]] en [[1907]] op de berch, de [[Woodhead]], de [[Hely-Hutchinson]], [[De Villiers]], [[Alexandria]] en de [[Victoria]] reservoirs binne boud as wetterfoarsjenning foar Kaapstêd. In kabelkarferbiningkabelkarreferbining waard oanlein fan Kampsbaai nei de Tafelberch. Sadwaande koe it materiaal foar de damen oanbrocht wurde. De ferbining is der no net mear, mar de rêsten fan de ankerpunten binne der noch wol. Tsjintwurdich wurde de damen net mear brûkt, omdat de damen net mear genôch wetter brochten foar de stêd.
 
Sûnt [[1998]] is de berch in nasjonaal park.
 
==Kabelkar Kabelkarre ==
[[Ofbyld:Tablemountain kabelkar.jpg|thumb|left|200px|''In kabelkarkabelkarre ûnderweis nei de top fan de Tafelberch.'']]
 
Oan de westkant fan de berch kin hja mei in kabelkar nei de top fan de Tafelberch komme. It is in wichtige toeristelûker foar Kaapstêd. Neist in machtich moai útsjoch oer Kaapstêd, is der boppe op de berch ek in restaurant, winkeltsjes en kuierpaden.
Rigel 26:
De kabelkarren binne allinnich yn wurking mei goed waar, omdat hurde wyn it gefaarlik makket. Besikers moatte der om tinke om by helder waar te gean, omdat op in dizige dei der in saneamd ''tafeldoek'' om de berch hinne hinget wat it útsjoch min makket.
 
De kabelkarkabelkarre is der al sûnt [[4 oktober]] [[1929]]. In nije ferzje waard op 4 oktober [[1997]] yn gebrûk naam. Hjirtroch kinne der no 65 yn stee fan 25 minsken de kear yn in kabelkarkabelkarre. De nije karren binne rûn en draaie ek rûn by de gong nei de top, sa krijt eltsenien in goed útsjoch út de kar wei.
 
== Natuer ==
Op de Tafelberch groeit de ferneamde Kaapse [[Fynbos]]. Der wurdt rûzerûsd dat der wol 2200 ferskate plantesoarten op de berch groeie.
 
It meast foarkommende bist op de berch is de [[dassie]], in bist mei de grutte fan in hazze, it hat wol wat wei fan in brúnebrune [[marmot]]. Se binne in protte te sjen by it boppeste kabelkarstasjonkabelkarrestasjon. Ek binne der [[bafjaanbaviaan|bafjanenbavianen]], [[mangoest]]en, [[slang]]en en [[lânskylpaad|lânskylpaden]] te fine. Ek libje der guon [[Himalayageit]]en, dy’t yn [[1936]] ûntsnapt binne út in bistetún yn Kaapstêd.
 
De lêste [[liuw]] waard al yn [[1802]] op de berch dea sketten.
 
[[Ofbyld:Tablemountain capetown.jpg|thumb|centre|750px|''In panorama fan de Tafelberch. Ek it tafellekken is te sjen.'']]
 
[[Kategory:Súd-Afrika]]