Tafelberch (Súd-Afrika)

De Tafelberch by Kaapstêd yn Súd-Afrika, is in tafelberch op de westlike kaap dy’t útsjocht oer Kaapstêd. De berch komt werom yn de flagge fan Kaapstêd en oare lokale skaaimerken. It is in grutte toeristelûker foar Kaapstêd en Súd-Afrika. De berch makket ûnderdiel út fan it Nasjonaal park Tafelberch.

De Tafelberch, sjoen fan Bloubergstrân ôf. Links fan de berch leit Duvelspyk en rjochts Liuwkop.

Yn Kaapstêd wurdt de Tafelberch wol as referinsjepunt brûkt foar it reizgjen yn de stêd. De rjochting en ôfstân wurdt ôflaat fan de Tafelberch.

De Tafelberch is in berch mei in platte kop, in plato. De lingte hjirfan is likernôch trije kilometer, omklamme mei steile kliffen. Oan de eastkant fan de Tafelberch leit Duvelspyk en oan de westkant fan de Tafelberch steane de Tolve Apostels en de Liuwkop.

It heechste punt op de Tafelberch is MacLear syn Beaken op 1086 meter. 19 Meter heger as it kabelkarrestasjon op de berch. Dit plak hat namme fan Sir Thomas Maclear krigen, dy’t yn 1865 hjir it klipstalbeaken boud hat. Fan in echte top is net te sprekken, omdat de hiele boppekant fan de berch relatyf flak is

 
It De Villiers reservoir op de Tafelberch.

De earste minske wêrfan bekend is dat dy de top fan de Tafelberch helle hat wie Antonio de Saldanha yn 1503.

Fiif damen binne boud tusken 1896 en 1907 op de berch, de Woodhead, de Hely-Hutchinson, De Villiers, Alexandria en de Victoria reservoirs binne boud as wetterfoarsjenning foar Kaapstêd. In kabelkarreferbining waard oanlein fan Kampsbaai nei de Tafelberch. Sadwaande koe it materiaal foar de damen oanbrocht wurde. De ferbining is der no net mear, mar de rêsten fan de ankerpunten binne der noch wol. Tsjintwurdich wurde de damen net mear brûkt, omdat de damen net mear genôch wetter brochten foar de stêd.

Sûnt 1998 is de berch in nasjonaal park.

 
In kabelkarre ûnderweis nei de top fan de Tafelberch.

Oan de westkant fan de berch kin hja mei in kabelkar nei de top fan de Tafelberch komme. It is in wichtige toeristelûker foar Kaapstêd. Neist in machtich moai útsjoch oer Kaapstêd, is der boppe op de berch ek in restaurant, winkeltsjes en kuierpaden.

De kabelkarren binne allinnich yn wurking mei goed waar, omdat hurde wyn it gefaarlik makket. Besikers moatte der om tinke om by helder waar te gean, omdat op in dizige dei der in saneamd tafeldoek om de berch hinne hinget wat it útsjoch min makket.

De kabelkarre is der al sûnt 4 oktober 1929. In nije ferzje waard op 4 oktober 1997 yn gebrûk naam. Hjirtroch kinne der no 65 yn stee fan 25 minsken de kear yn in kabelkarre. De nije karren binne rûn en draaie ek rûn by de gong nei de top, sa krijt eltsenien in goed útsjoch út de kar wei.

Op de Tafelberch groeit de ferneamde Kaapse Fynbos. Der wurdt rûsd dat der wol 2200 ferskate plantesoarten op de berch groeie.

It meast foarkommende bist op de berch is de dassie, in bist mei de grutte fan in hazze, it hat wol wat wei fan in brune marmot. Se binne in protte te sjen by it boppeste kabelkarrestasjon. Ek binne der bavianen, mangoesten, slangen en lânskylpodden te fine. Ek libje der guon Himalayageiten, dy’t yn 1936 ûntsnapt binne út in bistetún yn Kaapstêd.

De lêste liuw waard al yn 1802 op de berch dea sketten.

 
In panorama fan de Tafelberch. Ek it tafellekken is te sjen.