Tafelberch
In Tafelberch of in mesa (Spaansk en Portegeesk foar tafel) is in berch of heuvel mei in platte boppekant en steile hellings. De namme komt fan de tafelfoarmige skaaimerk dêrfan.
In tafelberch komt almeast yn drûge geaen foar, lykas yn it súdwesten fan de Feriene Steaten: berchgeaen fan Washington, Oregon, Kalifornje, Noard- en Súd-Dakota, Wyoming, Utah, Kolorado en Arizona. Ek yn oare lannen wurde hja sjoen, lykas yn Súd-Afrika, Spanje, Sardynje, Araabje, Yndia en Austraalje.
De Tafelberch by Kaapstêd yn Súd-Afrika is ien fan de ferneamdste tafelbergen. Grand Mesa yn it westen fan Kolorado, Feriene Steaten en de Cerro Negro yn Argentynje binne oare foarbylden.
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Tafelberch fan Wikimedia Commons. |