Marmotten

(Trochferwiisd fan Marmot)

De marmotten of bargemotten (wittenskiplike namme: Marmota), foarmje in skaai fan 'e klasse fan 'e sûchdieren (Mammalia), it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), it ûnderskift fan 'e iikhoarntsjes en sliepmûzen (Sciuromorpha), de famylje fan 'e iikhoarntsjes (Sciuridae), de ûnderfamylje fan 'e grûniikhoarntsjes en Afrikaanske beamiikhoarntsjes (Xerinae), de tûke fan 'e grûniikhoarntsjes (Marmotini) en de ûndertûke fan 'e marmoteftigen (Marmotina). Ta dit skaai hearre 19 libbene soarten út Jeraazje en Noard-Amearika.

Marmotten
In gielbealchmarmot.
In gielbealchmarmot.
Taksonomy
ryk: dieren (Animalia)
stamme: rêchstringdieren (Chordata)
ûnderstamme: wringedieren (Vertebrata)
klasse: sûchdieren (Mammalia)
skift: kjifdieren (Rodentia)
ûnderskift: iikhoarntsjes en sliepmûzen (Sciuromorpha)
famylje: iikhoarntsjes (Sciuridae)
ûnderfamylje: grûniikhoarntsjes en Afrikaanske beamiikhoarntsjes (Xerinae)
tûke: grûniikhoarntsjes (Marmotini)
ûndertûke: marmoteftigen (Marmotina)
skaai: marmotten (Marmota)
Blumenbach, 1779

Marmotten binne grutte herbivoare grûniikhoarntsjes dy't almeast yn bercheftige kriten foarkomme, dêr't se ûndergrûnske hoalen oanlizze foar beskûl en om by 't winter har wintersliep yn troch te bringen. De measte marmottesoarten binne tige sosjale bisten dy't yn famyljegroepen libje en inoar foar ûnrie warskôgje mei lûde fluittoanen.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.