Steppemarmot
De steppemarmot of bobakmarmot (Latynske namme: Marmota bobak of Marmota bobac) is in sûchdier út it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e iikhoarntsjes (Sciuridae) en it skaai fan 'e marmotten (Marmota), dat foarkomt op 'e steppen fan East-Jeropa en Sintraal-Aazje. Dizze soarte is nei alle gedachten nau besibbe oan 'e Himalayamarmot (Marmota himalayana).
steppemarmot | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Marmota bobak | ||||||||||||
Müller, 1776 | ||||||||||||
IUCN-status: net bedrige
| ||||||||||||
ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
Fersprieding en biotoop
bewurkje seksjeDe steppemarmot libbet yn it greidlân, op 'e steppen en yn healwoastinen fan Wyt-Ruslân en de Oekraïne yn it westen fia sintraal en súdlik Ruslân oant yn noardlik en sintraal Kazachstan. Ferskate iuwen lyn lei de grins fan syn ferspriedingsgebiet mear nei it westen ta, en kaam er sadwaande ek foar yn Poalen en Hongarije. Yn 'e njoggentjinde iuw libbe er noch yn 'e westlike Oekraïne, oan 'e rivier de Prut ta. Tsjintwurdich rint de westgrins fan syn areaal troch de eastlike en noardeastlike Oekraïne, dêr't er it symboal is fan 'e regio Luhansk. Steppemarmotten ûnderskiede har fan 'e measte oare marmottesoarten trochdat se florearje yn flak greidlân (oare marmotten binnen meast berchbewenners) en deunby kultuerlân.
Uterlike skaaimerken
bewurkje seksjeDe steppemarmot hat trochinoar in kop-romplingte fan 49-58 sm, mei in sturtlingte fan 11-15 sm en in gewicht fan 3-7½ kg. De pels is tinner as dy fan syn berchbewenjende sibben, en bêzje-eftich fan kleur op 'e bealch en de fangen, mar dûnkerder brún op 'e rêch, kop, snút, sturt en poaten. De earen binne lyts en de búk is opmerklike rûn.
Hâlden en dragen
bewurkje seksjeSteppemarmotten binne inkeld oerdeis aktyf, en dat mar 5½ moanne yn 't jier, mei't se de rest fan 'e tiid yn wintersliep trochbringe. Se libje yn koloanjes yn djippe ûndergrûnske hoalen en frette benammen gerzen, krûden, plantewoartels, blêden, fruchten, sieden en út en troch ris lyts wrimelt as ynsekten en wjirms en ek wol fûgelaaien. Om 'e lange wintersliep troch te kommen, lizze se in ûnderhûdske fetlaach oan, dy't útgroeie kin ta sa'n 30% fan it lichemsgewicht. Se sliepe yn famyljegroepen byinoar, sadat se har lichemswaarmte diele kinne, wat enerzjy útsparret.
Nei de ein fan 'e wintersliep, yn april, begjint daliks de peartiid. De draachtiid duorret 40-42 dagen, wêrnei't it wyfke 2-5 (oant yn ekstreme gefallen 12) jongen smyt. Dêrfan oerlibbet mar de helte oant de ein fan 'e simmer. Steppemarmotten kinne 2-3 nêsten jongen jiers smite, mar as him oerbefolking foardocht, wurde de wyfkes automatysk minder fruchtber. Sels yn normale sitewaasjes nimt jiers mar 60% fan 'e folwoeksen wyfkes diel oan 'e fuortplanting. De jongen bliuwe yn 'e regel oant nei har twadde wintersliep by har âlden, en berikke pas mei trije jier geslachtripens.
Status
bewurkje seksjeDe steppemarmot hat de IUCN-status fan "net bedrige", mei't er yn syn ferspriedingsgebiet noch rûnom foarkomt en om't de populaasje stabyl liket te wêzen. Dêrby moat lykwols oantekene wurde dat dizze soarte foarhinne yn Jeropa folle mear nei it westen ta foarkaam. Trochdat yn East-Jeropa lykwols in protte wyld gerslân yn kultuer brocht is, is er troch de iuwen hinne tebekkrongen nei it easten.
De relaasje fan 'e steppemarmot mei de minske is in kompleksen-ien. Oan 'e iene kant hawwe steppemarmotten as "itensreserve" tsjinne by de periodyk weromkearende hongersneden dy't de befolking fan 'e Sovjet-Uny yn 'e tweintichste iuw troffen hawwe, en hawwe se sa tsientûzenen Oekraïners en Russen it libben rêden. Teffens wurde harren pelzen wol brûkt as bûnt, en stiet bûten Moskou in pelsdierfokkerij dêr't besjoen wurdt oft steppemarmotten gaadlik binne om mei te fokken. Oan 'e oare kant is de steppemarmot fetber foar besmetting mei de bûdepest, en wurdt in populaasje dy't yn it Oeralberchtme libbet derfan fertocht dat se de pestepidemy ferspraat hawwe dy't westlik Ruslân yn 'e njoggentjinde iuw trof.
Undersoarten
bewurkje seksjeDer binne twa erkende ûndersoarten fan 'e steppemarmot:
- Marmota bobak bobak
- Marmota bobak tschaganensis
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|