De grize marmot of iisgrauwe marmot (Latynske namme: Marmota caligata) is in sûchdier út it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e iikhoarntsjes (Sciuridae) en it skaai fan 'e marmotten (Marmota), dat foarkomt yn bercheftige kriten yn it noardwesten fan Noard-Amearika. Dizze soarte wurdt dêr gauris de whistler ("fluiter") of de whistle pig ("fluitbaarch") neamd, fanwegen syn heechtoanige alaarmrop. De grize marmot is it naust besibbe oan 'e gielbealchmarmot, de Olympyske marmot en de slim bedrige Vancouvereilânmarmot, dêr't er it ûnderskaai fan 'e rotsmarmotten (Petromarmota) mei foarmet.

grize marmot
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse sûchdieren (Mammalia)
skift kjifdieren (Rodentia)
famylje iikhoarntsjes (Sciuridae)
skaai marmotten (Marmota)
soarte
Marmota caligata
Eschscholtz, 1829
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet

Fersprieding

bewurkje seksje

Grize marmotten binne lânseigen yn it grutste part fan 'e Amerikaanske steat Alaska, útsein it uterste noarden, dielen fan 'e westkust, it Alaska-skiereilân en de Aleoeten. Fierders komme se ek foar yn 'e Kanadeeske gewesten Britsk-Kolumbia, de Yukon, de Noardwestlike Territoaria en it westen fan Alberta, en yn it uterste noardwesten fan 'e kontinintale Feriene Steaten, yn Washington, Idaho en Montana.

 
In grize marmot fan deunby.

Uterlike skaaimerken

bewurkje seksje

De grize marmot hat trochinoar in kop-romplingte fan 37-65 sm, mei in sturtlingte fan 17-25 sm en in gewicht fan 3¾-7 kg (oant yn ekstreme gefallen 10 kg). De mantsjes binne oansjenlik grutter fan stal as de wyfkes, en it gewicht kin nochal fariëarje ôfhinklik fan 'e tiid fan 't jier; de bisten binne it lichtst as se út 'e wintersliep komme, en it swierst oan 'e ein fan 'e simmer. Har namme ferwiist nei de sulvergrize pels op 'e skouders en it boppeste part fan 'e rêch. De rest fan 'e rêch hat in brún-bêzje-eftich of readbrunige kleur, wylst de boppekant fan 'e kop, de sturt en de poaten swart binne. De snút en it kin binne witich en de bealch swart of dûnkerbrún mei grize hierren dertrochhinne. De poaten binne koart en krêftich, mei lange, wat kromme klauwen, dy't ynset wurde om te graven. De kop is stomp en de sturt lang en wat ôfplatte, mei sa'n soad hier dat it suver in plomsturt is.

Grize marmotten libje ornaris op berchgreiden deunby de beamgrins, mei rotsige gebieten om foar beskûl te tsjinjen. Dêrby jouwe se de foarkar oan gebiet tusken seenivo en 2.500 m hichte. Der binne fossilen fûn dy't tebek geane oant it Pleistoseen, ek op eilannen dy't tsjintwurdich gjin grize-marmottepopulaasje mear hawwe.

Hâlden en dragen

bewurkje seksje

Grize marmotten binne allinnich oerdeis aktyf, en frette benammentlik blêden, blommen, gerzen en siggen. Se libje yn koloanjes fan soms wol 36 eksimplaren, mei in territoarium fan sa'n 14 ha. Sokke koloanjes besteane út ien inkeld dominant folwoeksen mantsje, oant trije folwoeksen wyfkes, soms in ûnderhearrich mantsje en fierders in stikmannich jongen en ûnfolgroeide eksimplaren fan oant twa jier âld. Har ûndergrûnske hoalen kinne oant 2 m djip wêze, en dêropta grave koloanjes elts jier noch in stik as fiif ferskillende ienfâldiger flechthoalen, ferspraat oer it territoarium, sadat guon langfêstige koloanjes oer wol mear as hûndert beskikke. Om útgraven troch bygelyks grizzlybearen tsjin te gean, lizze se har hoalen yn 'e regel ûnder rotsblokken oan. Fan septimber of oktober oant yn maaie hâld grize marmotten in wintersliep, dy't se mei har koloanjegenoaten tsjininoar oan sliepend trochbringe, om lichemswaarmte en dus enerzjy te besparjen.

 
In grize marmot op 'e útkyk.

Grize marmotten binne sosjale bisten, dy't mei koloanjegenoaten wrakselje, inoar skjin slikje en de noazen tsjininoar oan triuwe. Benammen as it hast tiid wurdt foar de wintersliep besteegje se in protte tiid oan sokke dingen. Ynteraksje mei eksimplaren út oare koloanjes komt minder faak foar, en is ornaris fijannich fan aard, wêrby't it de wyfkes binne dy't de ynkringer fuortjeie. Behalven oan 'e omgong mei soartgenoaten en foerazjearjen spandearje grize marmotten ek in protte tiid oan sinnebaaien, op sinneskynmoarntiden wol oant 44% fan 'e tiid, hoewol't se by al te waarm waar beskûl sykje yn har hoalen. De grize marmot hat in hiel repertwaar fan lûden, wêrûnder tsjotterjen, fluitsjen, grânzgjen en janken. Dêrmei bringe se yn 'e regel boadskippen oangeande gefaar oer, om har koloanjegenoaten opmerksum te meitsjen op potinsjele rôfdieren. Dêrnjonken brûke se ek har rooksin om te kommunisearjen, sawol fia har kjitte as troch it gebrûk fan ôfskieding út har muskusklieren. Grize marmotten binne net de skrutelste bisten, en yn gebieten dêr't geregeldwei minsken komme, reitsje se dêr gau oan wûn, sadat se dan maklik observearre wurde kinne wylst se har dingen dogge.

 
In grize marmot oan it sinnebaaien.

Koart nei it ûntwekjen út 'e wintersliep, yn maaie, brekt de peartiid oan. Dêrby ûnderhâlde de dominante mantsjes harems fan ferskate wyfkes, al wjerhâldt dat har der net fan om ek wyfkes bûten harren territoarium op te sykjen as de kâns him dêrta foardocht. De wyfkes nimme yn 'e regel inkeld om it jier oan 'e fuortplanting diel. De draachtiid duorret 25-30 dagen, wêrnei't der yn 'e perioade tusken ein maaie en mids juny 2-5 jongen smiten wurde. Dy komme keal te wrâld, mar hawwe tsjin 'e tiid dat se har 3-4 wiken letter foar it earst bûtendoar weagje, in tichte pels ûntwikkele. Om dyselde tiid hinne wurde se ek ôfwûn. Binnen 8 wiken nei de berte binne de jongen selsstannich, al bliuwe se yn 'e regel de earste twa jier by har âlden. Pas yn har trêde jier binne se geslachtsryp. De wichtichste natuerlike fijannen fan 'e grize marmot binne de keningsearn, grizzlybear, Amerikaanske swarte bear, wolf, prêrjewolf, foks, reade lynks, Kanadeeske lynks, poema en warch.

De grize marmot hat de IUCN-status fan "net bedrige", mei't er yn syn ferspriedingsgebiet noch rûnom foarkomt en om't de populaasje stabyl liket te wêzen. It stedsje Whistler, yn Britsk-Kolumbia, is nei (de lokale beneaming foar) de grize marmot ferneamd, om it better oan 'e man bringe te kinnen as wintersportoard; foartiid hiet it London Mountain, fanwegen de swiere mist en rein dy't it in grut diel fan it jier hat.

Undersoarten

bewurkje seksje

Der binne trije erkende ûndersoarten fan 'e grize marmot:

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.