De warch of berchmarter (wittenskiplike namme: Gulo gulo), miskien better bekend as de veelvraat of warg (Nederlânsk) of de wolverine (Ingelsk), is in sûchdier út it skift fan 'e rôfdieren (Carnivora), de famylje fan 'e martereftigen (Mustelidae) en it monotypyske (út ien soarte besteande) skaai fan 'e wargen (Gulo). It is in gnobsk boud en tige spiersterk lânrôfdier, dat eins mear wei hat fan in lytse bear as fan oare martereftigen. De warch komt foar yn it noarden fan Jeraazje en Noard-Amearika. It is de grutste martereftige soarte dy't op it drûge libbet, en hat in reputaasje fan ferskuorrendheid en woestens dy't alhiel bûten proporsje is foar syn lichemsgrutte. De IUCN klassifisearret de warch as net bedrige.

warch
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse sûchdieren (Mammalia)
skift rôfdieren (Carnivora)
famylje martereftigen (Mustelidae)
skaai wargen (Gulo)
soarte
Gulo gulo
Linnaeus, 1758
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet

Etymology en synonimen bewurkje seksje

De twifelige reputaasje fan 'e warch as in net te sêdzjen fretter (wat ek de betsjutting is fan 'e Latynsktalige wittenskiplike namme gulo) komt fuort út in misse folksetymology. Yn it Sweedsk waard it bist nammentlik in fjellfräs neamd, wat safolle betsjutte as "berchkat" (fjell = "berch", fräs = in argayske namme foar "kateftich bist"). Om't fjellfräs lykwols in protte liek op it Dútske wurd Vielfraß ("roppige fretter") waard it sa yn dy taal oernommen, en út it Dútsk fersprate dy betsjutting him nei besibbe talen (bgl. Nederlânsk veelvraat). As lienfertaling kaam dizze namme ek yn hiele oare talen telâne, lykas it Finsk (ahma), it Estysk (ahm) en it Frânsk (glouton).

Yn it Ingelsk wurdt it bist behalven glutton (nei it Frânske glouton) ek (en fral yn Noard-Amearika) wolverine neamd, in wurd dat wierskynlik in ferbastering is fan wolvering, dat de betsjutting "wolfke" suggerearret. Yn Frânsktalich Kanada wurdt de warch carcajou neamd, in lienwurd út 'e taal fan 'e Montanjês-Yndianen, fan it oarspronklike kuàkuàtsheu. Fierder westlik sprekt men ek wol fan in quickhatch, fan 'e namme foar it bist yn 'e taal fan 'e Eastlike Kry, dy't kwiihkwahaacheew is. Yn Skandinaavje, ta einbeslút, wurdt it bist oantsjut mei nammen dy't ôflaat binne fan 'e Aldnoarske soartnamme jarfr (Iislânsk: jarfi, Noarsk: jerv, Sweedsk: järv en Deensk: jærv).

 
Ofbylding fan in warch op in prehistoaryske biennen hinger, fûn yn Frankryk, út 'e tiid dat wargen dêr dúdlik noch foarkamen.

Fersprieding bewurkje seksje

Wargen binne lânseigen yn 'e noardlike en bercheftige parten fan it Skandinavysk Skiereilân, Finlân, it Baltikum, Jeropeesk Ruslân, Sibearje, Mongoalje, Mantsjoerije, Alaska en Kanada. Yn 'e legere legere 48 steaten fan 'e Feriene Steaten binne se seldsum, behalven yn 'e noardlikere dielen fan 'e Rocky Mountains yn û.m. Montana, Idaho en Wyoming en yn 'e noardlike Cascades fan Washington en Oregon. Soms komme se ek foar yn Minnesota en Opper-Michigan. Yn 20082009 waarden foar it earst sûnt 1922 wer wargen sinjalearre yn 'e Sierra Nevada fan eastlik Kalifornje, deunby de Tahoemar, en yn 2014 waard foar it earst yn 30 jier wer in warch waarnommen yn Utah.

Uterlike skaaimerken bewurkje seksje

De warch hat trochinoar in kop-romplingte fan 65–107 sm, mei in sturtlingte fan 17–26 sm en in gewicht fan 9–25 kg. Dêrmei hat er likernôch de grutte en it gewicht fan in middelgrutte hûn, hoewol't guon mantsjes in gewicht fan 32 kg berikke kinne. De seksuële dimorfy is yn dizze soarte oansjenlik, want mantsjes kinne 30% grutter en twa kear sa swier wêze as wyfkes. De skofthichte berint by wargen 30–45 sm. De warch is de grutste martereftige dy't op it lân libbet; inkeld de see-otter (Enhydra lutris) út 'e noardeastlike Stille Oseaan en de reuze-otter (Pteronura brasiliensis) út it Amazônegebiet binne noch grutter. Genetysk ûndersyk hat útwiisd dat de warch it naust besibbe is oan 'e tayra (Eira barbara) fan Latynsk-Amearika en oan it skaai fan 'e marters (Martes), mei û.m. de stienmurd (Martes foina) en de beamotter (Martes martes).

 
Plasse fan in warch yn it Museum für Naturkunde yn Berlyn.

De warch is in gnobsk boud, mar tige krêftich bist. Hy hat koarte skonken, in brede rûnige kop, lytse eagen en koarte rûne earkes. Dêrmei is er in lytse bear net wanlyk. De fiifteannige poaten binne bûtenproporsjoneel grut, krekt as by bgl. lynksen, wat fuortbeweging oer snie makliker makket. Wargen hawwe in tichte, dûnkerbrune, oaljige pels, dy't sterk wetterôfstjittend is. De sturt is boarstelich. Guon eksimplaren hawwe in opfallende gesichtstekening, wêrby't it boppeste part fan 'e kop oerdutsen is mei ljocht, sulverich hier, wylst de snút oant en mei de eagen dûnkerbrún binne. Sokke yndividuën hawwe faak ek in streek fan deselde ljochte kleur oer de fangen te rinnen fan 'e nekke nei de sturt, en in ljocht plak op it boarst.

Krektlyk as in protte martereftigen hat de warch in anaalklier dêr't er in sterkrûkend (stjonkend) muskus mei ôfskiedt. Dat brûkt er om syn territoarium ôf te setten en teffens spilet it in rol by de fuortplanting. Dit skaaimerk hat derfoar soarge dat er yn Noard-Amearika ek wol skunk bear neamd wurdt: "stjonkdierbear". Wargen hawwe ek, op 'e nij lykas in soad oare martereftigen, in boppekies efter yn 'e bek dy't 90º draaid is, nei it binnenste fan 'e bek ta. Dy evolúsjonêre oanpassing stelt harren by steat en skuor stikken fleis los fan in proaidier of ies ôf dat stiif beferzen is.

 
In warch yn in dieretún.

Biotoop bewurkje seksje

Wargen libje benammen yn isolearre Arktyske en bercheftige gebieten. Hja weagje har mar komselden yn it wengebiet fan 'e minske. Sadwaande sille fierwei de measte minsken, sels yn it biotoop fan 'e warch, nea yn har libben sa'n bist sjen.

Hâlden en dragen bewurkje seksje

Wargen hawwe in tige lege populaasjetichtens en binne in ûnbidich grut wengebiet nedich. Wyfkes hawwe territoaria fan 130–260 km², wylst mantsjes territoaria besette fan mear as 620 km². Foar it meastepart oerlaapje de territoaria fan folwoeksen eksimplaren fan itselde geslacht inoar net, mar dy fan mantsjes en wyfkes wol. Undersyk mei eksimplaren dy't foarsjoen wiene fan in stjoerderke hat útwiisd dat wargen yn in pear moannen tiid in ôfstân fan hûnderten kilometers ôflizze kinne.

De warch is nearne net benaud fan, en mei syn krêftige kaken, skerpe klauwen en tsjûke hûd fielt er alhiel gjin skrupules en gean de striid oan mei folle gruttere rôfdieren as dy him syn proai of ies ûntstelle wolle. Sa is waarnommen hoe't in inkele warch it opnaam tsjin in ridel wolven, en hoe't in oarenien besocht om in proai te stellen fan in Amerikaanske swarte bear, al einige dat gefjocht úteinlik mei de dea fan 'e warch. Ek hat men ris sjoen hoe't in warch in iisbear oanfoel en him de kiel tichtknypte oant er de bear smoard hie.

 
In warch.

Wargen libje oer it algemien solitêr. Súksesfolle mantsjeswargen foarmje gauris libbenslange bannen mei twa of trije wyfkes, dy't se út en troch ris opsykje, wylst oare mantsjes alhiel gjin wyfke besette kinne. De peartiid falt by 't simmer, mar troch de ferlinge draachtiid fan wargen wurdt it resultearjende embryo pas oan it begjin fan 'e winter yn it limoer fan it wyfke ymplantearre. As der te min fretten foarhâns is, komt it foar dat wyfkes nettsjinsteande in súksesfolle pearing dochs gjin jongen produsearje.

Yn febrewaris grave drachtige wyfkes in hoale út yn 'e snie. De eigentlike draachtiid duorret by wargen 30–50 dagen, wêrnei't it wyfke yn 'e maityd in nêst fan ornaris 2–3 jongen smyt. De jongen ûntwikkelje har fluch en reitsje binnen in jier folgroeid. De heit besiket de jongen geregeldwei oant se omtrint mids maaie, as se 10 wiken âld binne, ôfwûn wurde. Guon jongen jouwe har mei seis moanne by har heit en doarmje in hoart mei him om. Wargen hawwe in libbensferwachting fan 5–10 jier, hoewol't se yn finzenskip 15–17 jier wurde kinne.

Fretten bewurkje seksje

De warch is in krêftich en rjusidich bist dat as rôfdier aktyf is, mar ek gauris as iesiter fanwegen komt. Syn proai bestiet oer it algemien út lytse oant middelgrutte sûchdieren, mar guon wargen binne ek waarnommen by it deadzjen fan proaidieren dy't folle grutter wiene as sysels, lykas folwoeksen harten. Ta har proaien hearre: oerzons, iikhoarntsjes, bevers, marmotten, hazzen en kninen, pipermûzen, mûzen, wrotmûzen, lemmings, rindieren, reeën, wytsturtharten, mûldierharten, berchskiep, elanden en wapitys. Ek lytsere rôfdieren steane soms op it menu, lykas marters, nertsen, lytse marters, foksen, lynksen, prêrjewolven en sels wolvejongen.

Wargen binne maklike, opportunistyske jagers, dy't de proai nimme dêr't se mei de minste muoite oan komme kinne. Dat omfiemet nijberne bisten dy't noch helpeleas binne, bisten dy't fêstsitte yn fâlen en strûpen dy't troch minsken útset binne, en eksimplaren fan bgl. de eland en it rindier as dy ferswakke rekke binne troch de ûntbearings fan 'e winter of net fuortkomme kinne fanwegen de djippe snie. Soms follet de warch syn dieet ek oan mei fûgelaaien (benammen fan guozzen), woartels, sied, ynsektelarven en beien.

 
In warch op rotsich terrein.

Yn Noard-Amearika bestiet it grutste part fan it fretten fan wargen út ies, fral by 't winter en yn 'e iere maityd. Soms geane se dêroer gear as it rôfdier dat de proai deade hat, him folfretten hat, mar it komt ek fakernôch foar dat wargen it oarspronklike rôfdier fuortjeie. De measte oare rôfdieren geane nammentlik wargen leaver út 'e wei, mei't dy in reputaasje fan ferskuorrendheid en woestens hawwe dy't alhiel bûten proporsje is foar har grutte. Yn Skandinaavje en Finlân libje wargen folle mear fan 'e eigen jacht, mar it hat wol kâns dat dat komt om't dêr folle minder oare rôfdieren foarkomme, en it dêrsanne dus lang net safolle leannet as yn Noard-Amearika om ôf te wachtsjen oant oaren it swiere wurk dien hawwe.

Status bewurkje seksje

De warch hat de IUCN-status fan "net bedrige", mei't er yn (teminsten in oansjenlik diel fan) syn ferspriedingsgebiet noch rûnom foarkomt en om't de populaasje foar no stabyl liket te wêzen. Mei't de nêsthoalen útgroeven wurde yn 'e snie, sitte biologen yn noed oer de fraach oft klimaatferoaring foar de warch ynkrimping fan syn habitat betsjutte sil. De totale (wrâldwide) wargepopulaasje is ûnbekend, mar op it Skandinavysk Skiereilân wurdt de populaasje by de 420 eksimplaren om skatten, yn Finlân by de 165 om, yn Ruslân by de 1.500 om en yn Kanada tusken de 15.000 en 19.000.

 
In warch yn in dieretún yn Noarwegen.

Harren besteanseask fan grutte territoaria bringt wargen soms yn konflikt mei de minske. Boppedat wurdt de wettertichte pels yn guon gebieten beskôge as ideaal om winterklean fan te meitsjen, mei as gefolch dat de bisten yn sokke kontreien, fral yn 'e Feriene Steaten, troch oerbejaging útrûge binne. In pear hûndert wargen wurde, fral yn Noard-Amearika en Jeropa, yn dieretunen holden, mar de bisten plantsje har yn finzenskip mar mei muoite fuort, en de jongen hawwe te lijen fan in heech stjertesifer.

De warch spilet in wichtige rol yn 'e mytology fan beskate Yndianefolken, wêrûnder de Montanjês (Montagnais of Innu) fan eastlik Kanada, dy't in myte hawwe wêryn't de warch de wrâld skept. Yn 'e Feriene Steaten is de warch it symboal fan withoefolle stêden, sporttiims en oare organisaasjes. De Amerikaanske steat Michigan hat as bynamme de Wolverine State en ferskate ûnderwiisynstellings yn 'e steat hawwe de warch as maskotte, wylst de leden fan 'e Michiganbrigade (in legerûnderdiel dat yn 'e Amerikaanske Boargeroarloch focht), de Wolverines neamd waarden. De oarsprong fan 'e bân tusken Michigan en de warch is lykwols obskuer, mei't de achttjinde-iuwske kolonisten fan Michigan gjin goed wurd foar it bist oer hiene en de warch der tsjintwurdich tige seldsum is. Yn febrewaris 2004 waard by Ubly de earste warch yn 'e steat yn mear as 200 jier sinjalearre.

Undersoarten bewurkje seksje

Der binne anno 2023 twa erkende ûndersoarten fan 'e warch (Gulo gulo):

  • de Amerikaanske warch (G. g. luscus)
  • de Jeraziatyske warch (G. g. gulo)

Inkele biologen beskôgje dizze ûndersoarten as ferskillende soarten. Oaren ûnderskiede noch mear ûndersoarten, te witten de Vancouvereilânske warch (G. g. vancouverensis), dy't yn syn fersprieding beheind is ta Vancouvereilân oan 'e súdwestkust fan Kanada, en de Kenaiwarch (G. g. katschemakensis), dy't libbet op it Kenaiskiereilân yn it suden fan Alaska.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar oare boarnen en fierdere literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.