Waling Dykstra: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
ferw.
Rigel 1:
'''Waling Gerrits Dykstra''' ([[14 augustus]] [[1821]], [[Froubuorren]] - [[15 jannewaris]] [[1914]], [[Holwert]]) soan fan Gerrit Walings Dykstra en Antje Keimpes Koopmans wie in [[Frysk|Fryske]] [[Literatuer|skriuwer]], yn de tradysje fan de [[Bruorren Halbertsma|Halbertsma's]], benammen bekend fan it [[Frysk [[Winterjûnenocht]] wermei't hy tegearre mei [[Tsjibbe Gearts van der Meulen]] it Frysk toaniel in plak joech yn de Fryske mienskip.
 
Waling Dykstra waard berne te Froubuorren as bakkerssoan en soe sels it fak ek leare. Al rillegau kaam hy der efter dat dat syn ropping net wie. Yn [[1853]] die hy de bakkerij oan kant en wurke doe yn in boekwinkel yn Frjentsjer. Yn 1861 ferhuze hy nei Holwert, dêr't er in eigen boekwinkel iepene. It measte fertsjinne er lykwols mei de pinne. Hy wie redakteur fan in rege periodiken, dy't er foar it grutste part sels folde û.o. De Bijekoer, de Fryske hûsfreon, de Fryske Nijsboade, Friso, Friesch Volksblad, [[Sljucht en rjucht|Sljucht en Rjucht]], en As jimme it leije meije.
 
Op syn bêst wie hy by populêre ferskes en fertellingen. Foar gruttere ferhalen wie syn komposysjekrêft en psychologysk ynkringingsfermogen net sterk genôch. Syn wurk giet net djip, mar it hat wol typearjend fermogen, it waard dan ek drok lêzen. Dêrtroch is syn nasjonale betsjutting grutter as syn letterkundige. Hoe populêr Dykstra wie blykte wol út de namme sa't er neamd waard. Meastal hiet hy Waling-om (=omke). Neist wat hy skreau, hat Dykstra it Fryske folksbewustwêzen ek fersterke mei syn 'Winterjûnenochten', foardrachtsjûnen, tegearre mei [[Tsjibbe Gearts van der Meulen]], G.[[Gerben Colmjon]], A.[[Auke Boonemmer]], of ek wol allinnich (sûnt 1860). Mei de Fryske Winterjûnenocht bereizge er 25 jier lang de doarpen yn Fryslân, om sa it Frysk toaniel ûnder de minsken te bringen.
 
Waling Dijkstra komt út in otterdoks-protestantsk fermiddden. Hysels hie in mear liberale ynstelling. Syn wurk hat faak moralistyske trekjes. Bûten in ûntelber oantal ferskes publisearre hy ek noch in wichtich folkloristysk wurk - Uit Frieslands volksleven (2 dielen, Ljouwert, 1896). Fierders fersoarge hy in populêr witenskiplike útjefte fan de Friesche Rymlerije fan [[Gysbert Japicx]] (Frjentsjer 1853) en kaam it benammen troch syn iver en trochsettingsfermogen dat it Friesch Woordenboek (Ljouwert 1911) der komd is.