Súdpoalsirkel: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
J'88 (oerlis | bydragen)
(Gjin ferskil)

De ferzje fan 29 okt 2009 om 16.19

De Súdpoalsirkel is de parallel op likernôch 66° 33′ 39″ suderbreedte. It is ien fan de fiif breedtesirkels fan de Ierde. It gebiet besuden fan de sirkel is it súdpoalgebiet, it gebiet fuort benoarden de poalsirkel is it súdlike matige klimaat. De oare poalsirkel is de Noardpoalsirkel op it noardlik healrûn.

In kaart fan de Ierde, de súdpoalsirkel is de reade streek ûnder op it kaartsje.

De Súdpoalsirkel jout it noardlikste part fan de poalnacht en de poaldei oan fan it súdlik healrûn. Yn de simmer giet de sinne om 21 desimber hinne in dei net mear ûnder, de poaldei. Hoe fierder nei it suden, hoe mear nachten de sinne net ûndergiet. Yn de winter sil de sinne hjir om 21 juny hinne yn elts gefal ien dei net boppe de hoarizon komme. Ek hjir jild dat hoe mear nei it suden, hoe langer de sinne net opkomt. Dit barren hat alle kearen plak mei de sinnewende.

Geografy

It wrâlddiel Antarktika is in lânmassa dat it meastepart fan it súdpoalgebiet ynnimt. Der is gjin permaninte populaasje yn it gebiet. Wol binne der tsientallen ûndersykstasjons fan ferskate lannen op Antarktika. Dizze stasjons wurde bemanne troch ploegen fan wittenskippers. Earder binne der al semy-permaninte delsettings west foar de walfiskfangst, guon fiskers libben foar mear dan in jier op Antarktika.