Makkingea: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 14:
 
Yn [[2007]] waard yn it Uterts argyf in oarkunde út [[1408]] fûn dêr't de namme Makkingea foar it earst neamd wurdt. Yn 2008 is dêrom it 600-jierrich bestean fierd. It is in âld brinkdoarp dat eartiids in soad te lijen hie fan oerstreamingen fan [[De Tsjonger]]. De Brink waard brûkt om kij en skiep by inoar te bringen en der stie ek in pomp. Bytiden waard it ek brûkt om it waskguod te bleekjen.
Makkingea makke underdiel út fan de [[Fryske Wetterliny]].
Makkingea lei nei [[16 maaie]] 1914 oan de tramline Easterwâlde-Stienwyk. Hjir waard allinnich fracht mei ferfierd. Yn it doarp binne neffens nije ynsichten hast alle ferkearsboerden weihelle. Elkenien moat rekken hâlde mei de oar.
It âldste gebou yn it doarp is hotel Schurer, yn 2008 sit hjir restaurant 'De Smaeck fan Spa' yn. Yn [[1776]] waarden nije klokken lieten bewenners Johannes schurer en syn frou Garske Spijksma fan de kafeepleats in tafelbelle jitte mei trije ryksdaalders der yn teraand.