Ofskieding fan 1834: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Robbot (oerlis | bydragen)
L Bot - derby: en:Secession of 1834
ferw.
Rigel 1:
De '''Ofskieding''' wie in ûntwikling yn tsjerklik Nederlân yn de [[19e ieu]], dy't risseltearre yn selstannige grifformearre tsjerken bûten de [[Nederlânsk herfoarmeHerfoarme tsjerkeTsjerke]].
 
Oan de Ofskieding is in soad foarôfgien. Net eltsenien wie it iens mei sa't yn de tsjerke gie it iens. De [[Universiteit fan Frjentsjer|Hegeskoalle fan Frjentsjer]] levere de dûmny's ôf. Doch as dy earne begûnen, krige de gemeente in preek te hearren wat eins in akademysk dispút wie. Boppedat woe in part fan de gemeente sneins wat oars hearre as wat de dûmny nei foaren brocht.
 
==De Selskippen==
Rigel 8:
Dizze selskippen, yn it tsjerklik taalgebrûk ''konvintikels'' bloeiden yn guon plakken. De Steaten moasten der oan te pas komme. Der waard besletten dat de selskippen net mear ûnder tsjerktiid gear komme mochten. Yn 'e praktyk begûnen de selskippen neist de tsjerke in eigen libben. Yn de synoadeferslaggen is soks nei te gean. Sa no en dan waard der wer klage oer dy konvintikels. Der waard om maatregels frege, mar de Steaten wienen net fan doel om der mear oan te dwaan.
 
It bleau net by preeklêzen. Guon selskippen noegen yn 'e wike soms sels in dûmny út om yn 'e wike in "oefening", wy soenen no sizze in "bibellêzing", te hâlden. Ek barde it dat ien fan de leden fan it selskip sels preke. Soms waard soks ek troch froulju dien. Boppedat wie der oefeners. Dit wienen helpprekers dy't in funksje hienen as siketreaster of kategisearmaster. Dizze waarden ek wol útnoege om foar te gean.
 
In oar gefal wie it dûmnysreizgjen. Stie der earne in dûmny dy't preke nei 'it hert fan Jeruzalim', dan kamen der út fiere omkriten wei minsken om dy dûmny te hearren.
 
==Oarsaken fan de Ofskieding==
Rigel 16:
 
===De gesangekwestje===
Yn 1806 waard neist de psalms in nije bondel ''De Evangelische gezangen'' ynfierd. De dûmny's moasten yn eltse tsjinst ien gesang út dizze bondel opjaan. Foar guon otterdoksen wienen de gesangen strjitfeskes. Dit wie foar harren dan ek in reden om mar thús te bliuwen. Se gienen dan mar as selskip of as dûmnysreiziger fierder.
 
===Teloarstelling yn de kening===
Rigel 22:
 
===It doarp waard fan bûtenút bestjoerd===
De adel krige hieltyd minder ynfloed. De grûn gie yn oare hannen oer. Rike keaplju beleinen hieltyd faker yn grûn, dy't wearde hold. It doarp besliste sels net mear. De lânhearren seinen wat der barre moast. Dit hie ek ynfloed op it beroppen fan de dûmny's. As der in fakatuere wie, dan waard der ien oanwiisd. As hy al as net yn it doarp paste, spile faak net mei. Foar guon grutte boeren joech dat de trochslach om mei de Ofskieding mei te gean.
 
===De emansipaasje===
Rigel 28:
 
==De Ofskieding kriget stal==
As katalysator hat spile dat ds. H.[[Hendrik de Cock]] út [[Ulrum]] út de Herfoarme Tsjerke setten waard. Yn guon fermiddens yn Fryslân hie hy de namme dat hy in goede otterdokse dûmny wie. De Cock waard dan ek al gau nei Fryslân helle om dêr ôfskieden gemeenten te stiftsjen. Se neamden harren de Kristlik Ofskieden Gemeenten. De Cock hat yn desimber 1835 by de Waadkust lâns in tal gemeenten stifte. De measten hienen sa'n 25 - 30 leden. Dit groeide oan.
 
==Simon Velzen==
Rigel 35:
Spitichgenôch hie Van Velzen syn persoanlikheid nei mei. Hy moast en soe syn gelyk hawwe. By in protte konflikten hie Van Velzen dan ek gjin skjinne hannen. Van Velzen hie gesach en je moasten út it goede hout snien wêze om wat tsjin Velzen yn te lizzen.
 
Letter is ta ferromming fan goedwollenden Van Velzen nei [[Amsterdam]] teta gien. Mar sels sei er dat derer dûmny fan Ljouwert en Amsterdam wie. As foarsitter fan de Fryske synoade bleau Van Velzen sa de toan oanjaan.
 
Yn 1854 is Van Velzen professor wurden oan de Teologyske Hegeskoalle yn [[Kampen]].