Cees Bijlstra: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
Nije Side: '''Cees Bijlstra''' ( Sniksweach, 1946 - Grou, 18 april 2004 ) wie in redakteur en komponist. Op de muzykskoalle fan De Jouwer folge er pianolessen. Yn syn oplie...
 
ferwizings
Rigel 1:
'''Cees Bijlstra''' ( [[Sniksweach]], [[1946]] - [[Grou]], [[18 april]] [[2004]] ) wie in redakteur en [[komponist]].
 
Op de muzykskoalle fan [[De Jouwer]] folge er pianolessen. Yn syn opliedingstiid ta ûnderwizer komponearde er de earste muzyk op kabaretteksten.
 
Fan 1970 oant 1978 wie Bijlstra pianist en kombolieder by it kabaret fan [[Rients Gratama]]. Fierders wurke er as redakteur skoalletelevyzje by [[Omrop Fryslân]]. Bijlstra waard benammen bekend as komponist fan teater- en filmmuzyk. Hy wurke dêrby in soad gear mei regisseur [[Pieter Verhoeff]]. Mar hy bleau muzyk op lietteksten meitsjen û.o. foar [[Leny Dijkstra]], [[Inez Timmer]], [[Roel Slofstra]] en [[Douwe Heeringa]].
 
== Komposysjes ==