Anargisme: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
[[]]
ûnderkopke Fryske anargisten
Rigel 2:
It '''Anargisme''' is in politike streaming dy't as radikaal bekôge wurdt en ûntstien is út it [[sosjalisme]]. Karakteristyk foar it anargisme is wol dat it gjin inkele foarm fan gesach of macht erkend. It tinken dat hjir efter leit is dat eltse foarm fan gesach úteinlik ta machtsmisbrûk liede sil. Neffens dizze [[ideology]] soenen minsken harsels bestjoere moatte troch middel fan lytse selsbestjoerende mienskippen dêr't elkenien gelyk is oan inoar. Yn [[Ruslân]] dêr't dizze wize foar it earst yn de [[20e ieu]] foarm krige, waard soks [[sowjet|sowjets]] neamd. Der wurde twa foarmen fan anargisme ûnderskieden, te witten in gewelddiedige en in net gewelddiedige foarm, wêrfan de gewelddiedige foarm wol it meast bekend wurden is.
 
By de opkomst fan it sosjalisme wie it anargisme in frij sterke sydstreaming. Spoaren fynt men yn [[De Klok]] en [[Morgenrood]]. Yn dizze tiid krijt ek [[Lev Tolstoj]] in soad omtinken.

== Fryske anargisten ==
Predikanten as [[Louis Adrian Bähler]] fan [[Skiermuontseach]], [[Sibillus Catharinus Kylstra]] fan De [[Rottefalle]] neame har kristen-anargist. Se steune ek de koloanje yn [[Blaricum]] (Ynternasjonale Bruorskip). Ek de [[Hogerhuissaak|Bruorren Hogerhuis]] binne anargisten. Der wenje in soad yn [[It Bilt]] en de Feanstreken. Yn de [[Earste Wrâldoarloch]] docht Giesen yn Ljouwert fan him sprekken. Letter wurdt harren ynfloed minder. [[Ferdinand Domela Nieuwenhuis]] is in bekende Fryske anargist.
 
[[Kategory:Politike streaming]]