Romeinen yn Fryslân: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Rigel 10:
Yn [[28]] nei Kristus stelde [[Olennius]] dat de kowehûden net de mjitten fan hûden fan de lytse Fryske kei hawwe moasten, mar dy fan de oerokse. Dit wie foar de Frisii net mooglik. Har fee wie sa grut net en allinnich op 'e râne fan harren gebiet kaam mooglik wolris in oerokse, mar net genôch foar de skatting. Lykas Olennius witte moatten hat koenen de Friezen dêr net oan foldwaan. Mei dy rjochtfeardiging namen de Romeinen earst de kei fuort, doe it lân en doe de froulju en bern. Dit soarge foar in opstân. De soldaten dy de skatting ynjen kamen waarden pakt en ophongen. Olennius ûntsnapte nei it [[Flevum|fort Flevum]], dêr't er troch de Frisii belegere waard. [[Lapronius]], de gûferneur fan [[Neder-Germaanje]], besocht de opstân te ûnderdrukken en rôp de help yn fan de legioenen fan [[Boppe-Germaanje]]. Hy koe de Friezen werom driuwe nei de omkriten fan fort Flevum, mar dat slagge allinnich mei grutte ferliezen. De skatting koe er net op 'en nij ynstelle.
 
== De grinsswette ==
[[Ofbyld:Wachtposten 1 1x Rheinbrohl.jpg|left|thumb|200px|Romeinske wachttoer oan de grins]]
De opstân besoarge de Frisii in goeie reputaasje by de oare Germaanske folken. Hja lutsen harren net folle mear oan fan de Romeinen. GroepenKloften Friezen besette lânbougrûn dy't foar soldaten ornearre wie fan [[Rome]]. Ek woene se net út de nije doarpen wei gean dy't se krekt stifte hiene. Yn [[47]] nei Kristus waarden de Friezen op 'en nij ferslein. Diskear troch [[Korbulo]], mar foar in koarte tiid. Fan Korbulo is wis datoft er de Frisii wol yn it ryk besocht op te nimmen. Hy boude in fort ynop harrenFryske gebietgrûn en yntrodusearre bestjoer yn Romeinske styl. Wer't it fort, (nei alle gedachten ynin [[kastellum]],) krekt stien hat is net bekend. Korbulo waard lykwols wer werom roppen troch keizer [[Klaudius]]. Dylykwols werom ropt en dy lei de Ryn definityf fêst as grins fan it Romeinske ryk.
 
Yn [[54]] nei Kristus feroverjen de Friezen, op inisjatyf fan [[Ferritus]] en [[Maloriks]], it buffergebiet by de [[Ryn]] lâns. Doe't de Romeinen drigen de legioenen yn te setten om de swette wer frij te meitsjen, waard der in delegaasje nei keizer [[Nero]] stjoerd. Dy delegaasje frege goedkar om it gebiet yn besit te nimmen. Nero wegere dit en hiet de Frisii om de Rynstreek te ûntromjen. Doe't de Frisii har net ferplakten, waarden hja koarte tiid letter troch hynstemannen en helptroepen fuortreage.