Noardsee: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Bernd (oerlis | bydragen)
LNo edit summary
Xqbot (oerlis | bydragen)
L Bot - derby: tk:Demirgazyk deňzi; tekstwiziging
Rigel 12:
It [[Kieler Kanaal]], ien fan de wrâld syn drokste troch minsken makke wetterwegen, ferbynt de Noardsee mei de [[Baltyske See]].
 
== Namme ==
De namme komt fan de relaasje fan de Noardsee mei it lân fan de [[Friezen]]. Sy wenje direkt súdlik fan de ''Noard''see, ten westen fan de [[East]]see, noard fan de eardere [[Sudersee]] (no de [[Iselmar]]) en oan beide siden fan de tsjintwurdich ynpoldere [[Middelsee]].
 
Yn de periode fan de Romeinen waard de Noordsee ek wol Mare Frisicum neamt. Dit kaam om't de Friezen om een grut diel fan disse see wennen en sy ek folle op disse see faarden. Yn klassike tiden waard de Noardsee ek as ''Oceanum Germanicum'' of ''Mare Germanicum'' oantsjutten, wat ''Germaanske Oseaan'' as ''See'' betsjutte. Dizze namme waard gewoanwei brûkt yn it Ingelsk en oare talen nêst de namme Noardsee, oant it begjin fan de [[18e ieu]]. Tsjin de tiid fan de lette [[19e ieu]] wie ''Germaanske See'' in seldsume, wittenskiplike term wurden. Yn it [[Deensk]] hjit de Noardsee nêst ''Nordsøen'' ek ''Vesterhavet'', ''de Westsee'', om't de Noardsee west fan Denemark leit.
 
== Skiednis ==
=== Bekkens ===
Yn de [[Kromer Tiid]] wie der in natuerlike daam fan kalk tusken it [[South Foreland]] en [[Wytkaap]], de [[Ingelske Lânbrêge]]. Dy is lykwols trochbrutsen, nei alle gedachten yn de [[Elster Iistiid]]. Sûnt dy tiid is de [[Tekselspoar]], in richel tusken [[Fryslân (wengebiet)|Frisia]] en noard [[Norfolk]], it heechste part fan de ferbining tusken kontinintaal [[Europa]] en Grut-Brittanje. Yn [[iistiid|iistiden]], mei in leech seenivo, wurdt dizze ferbining in lânbrêge.
Rigel 23:
Yn de tuskenperioaden, mei in heger seenivo, ferdwynt de Tekselspoar ûnder wetter en wurdt sa in seerichel dy't it bêd fan de Noardsee yn twa bekkens opdielt. In perioaden mei in leech seenivo falle de bekens droech. It súdlike bekken wetteret dan ôf op it Kanaal, wylst it Noardlike bekken ôfwetteret op de Noarske See. Yn guon iistiden hat it part noard fan de Tekselspoar ûnder it iis lein wylst it part besuden de richel [[tûndra]] wie.
 
De geology is noch altyd wichtich. Sa is de [[Kanaaltunnel]], mei it [[Gruttefaasjetrein|gruttefaasjegruttefaasjespoar]]spoar tusken [[Dover]] en [[Kales]] dat hjoed de dei Ingelân en [[Frankryk]] ferbinet, boud yn de kalk fan it restant fan de Ingelske Lânbrêge.
 
=== Fryslân ===
Rigel 35:
Ek hat de Noardsee syn slachtoffers easke. Nêst ûntelbere ferdronkene sielen, hat de Noardsee in stikmannich ymposante oerstreamings feroarsake. De bekendste is de [[Grutte Stoarm]], dy't yn de nacht fan [[13 desimber|13]] op [[14 desimber]] [[1287]] de súdlike Noardseekust fan foarm feroare, mei as wichtichste gefolch it trochbrekken fan de see nei de [[Flevomar]] wat late ta it ûntstean fan de [[Sudersee]]. Resinter is de [[wettersneedramp]] fan [[1 febrewaris]] [[1953]], doe't 1.835 minsken yn Seelân en [[Noard-Hollân]] fersûpten.
 
== Natuerlike boarnen ==
[[Ofbyld:Heringsschwarm.gif|200px|right|thumb|[[Hjerring|Hjerringen]]en binne te finen yn de Noardsee]]
Grutte boarnen fan [[oalje]] en [[gas]] lizze ûnder it seebêd. De lannen om de Noardsee hinne hawwe allegear maatskippijen dy't aktyf dwaande binne mei it ûntginnen fan dizze boarnen. Fierders hat de Noardsee foar in part min berikbere kusten, dy't ryk binne oan dierlik libben, lykas de [[Waadsee]] en de [[Wash]]. Ek binne de banken yn de Noardsee wichtige [[ridde]]n. Hoe't de iene foarm fan natoerlike rikens beskerme wurde moat tsjin de gefolgen fan it winnen fan de oare liedt yn de lannen om de Noardsee hinne nochalris ta diskusje.
 
[[kategoryKategory:seeSee]]
 
[[af:Noordsee]]
Rigel 135:
[[tg:Баҳри Шимолӣ]]
[[th:ทะเลเหนือ]]
[[tk:Demirgazyk deňzi]]
[[tl:Dagat Hilaga]]
[[tr:Kuzey Denizi]]