Minne Simens: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
red
Rigel 24:
*''Christelycke leringhen op den 25. Psalm'' (sa. 1538; Meditaasje oer psalm 25)
 
==Monumint Ferskaat ==
=== Monumint===
Op [[11 septimber]] [[1878]] waard by syn bertedoarp in monumint ûntbleate ta oantins oan Simons. Op it plak fan it monumint hat eartiids in hús stien, dêr't de Doapsgesinden eartiids yn tegearre kamen. Simons soe syn leauwensgenoaten hjir tasprutsen hawwe. Op it stuit wurdt der oan wurke om hjir in Ynternasjonaal Menno Simons Sintrum op te rjochten.
 
=== Mennisten ===
Doopsgezinden wurde ek wol mennoniten of mennisten neamd. Yn de [[Feriene Steaten]] binne der ferskate groepen leauwenden dy't harren "Mennonite Church" neame. Oer de hiele wrâld ferspraat libje doopsgezinden. Op it stuit binne der mear as 1,3 miljoen doopsgezinden wrâldwiid.
 
=== Anekdoate ===
In anekdoate: ''Menniste leugen''.<br>
Menno Simons waard healweis de [[16e ieu]] neisitten troch de Spanjerts. De koets dêr't er mei reizge waard oanholden en Spaanske soldaten fregen oft Simons yn'e koets siet. 'Nee, nee!' rôpen de benaude passazjiers. De doopsgesinde learaar Hans Busschaert, waarns oertsjûging him ferbea om te ligen, bûgde oer nei bûten en sei: 'Men seit dat Menno Simons net yn dizze koets sit'; sa koe de reis ûnbehindere fuortset wurde.