Skiednis fan Bremen: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
lyts guod
twa sinnen skreaun oer it bisdom Bremen
Rigel 4:
Yn de earste fiif ieuwen foar de jiertelling ûntjoech him in tydlike folksgroep yn it gebiet yn en om Bremen hinne, dêr't hjoed de dei net sa'n protte oer bekend is, de [[Sjauken]]. Wierskynlik binne de Sjauken letter opgien yn de Fryske en it Saksyske stammen.
 
Yn de tiid fan de kerstening fan it noarden fan Jeropa stjoerde [[Karel de Grutte]] de misjonaris [[Willehad]] yn 780 nei it lân oan de Wezer. Yn 782 neamde Willehad de stêd Bremen yn ien fan syn skriften. Troch syn plak oan de Wezer waard Bremen al gau in omslachhaven foar Fryske hannelers. Yn it jier 787 wurdt troch Karel de Grutte it [[bisdom Bremen]] stifte. It bisdom groeit út ta in aartsbisdom en bliuwt oant 1648 bestean.
 
Fan de earste stedsmuorren en wâlen fan 1032 en 1157 wie om 1229 in slutende stedsmuorre – de "murus civitatis" – wurden. Yn de midsieuwen wie de stêd in [[hânze]]stêd en it gebiet letter in geastlik foarstedom dat grutte dielen fan it gebiet tusken [[Wezer]] en [[Elbe]] omklamme.