De Paralympyske Simmerspullen fan 1984 waarden yn twa ferskillende lannen organisearre. Dit wie foaral te witen oan de Amerikaanske handikaptensport Organisaasjes en de wize fan Fûnsenwinnen. Mei namme de Amerikaanske Rolstoelsport Organisaasje woe sa’n soad ynfloed ha en sporters op de Spullen, dat it foar de oare Organisaasjes (Blinnen, Spastysksi en Amputearden) net te akseptearjen wie. Dizze trije nasjonale organisaasjes besletten dêrop de mei ynstimming fan de 3 ynternasjonale Organisaasjes: IBSA (Blinnen), CP-ISRA (Spastysksi) en ISOD (Amputearden) om de Paralympyske Spullen yn New York, de Feriene Steaten te halden fan 16 juny oant 30 juny 1984, Sûnder de rolstoelsporters.
troch dizze beslissing kamen de Spullen foar de rolstoelsporters op de tocht te stean. in poging om de Spullen foar rolstuollers dochs yn de Feriene Steaten te organisearjen, in de steat Illinois en de stêd Champaign, fan 19 juny 1984 oant 4 july 1984, bleken al gau Finansjeel net helber., om’t de Amerikaanske Regearing al finansjele tazizzingen hie dien oan de Spullen yn New York. troch al it geharrewar trokken in protte grute Sponsoren har ek werom. ûnder grutte ynternasjonale druk wie it Bestjoer fan Ynternationale Organisaasje foar de rolstoelsporten, bereid te ûndersykjen as de Spullen ek yn Stoke Mandeville (Grut-Brittanje) organisearre wurde koene. Op dizze lokaasje waarden ek altyd de jierlikse "Stoke Mandeville Spullen" halden. Spittigernôch blykte ek hjir, troch de koarte tiid dy’t noch beskikber wie, dat it jild hjir ek de Stroffelstien wurde soe.
De Nederlanner Pieter Joon, lid fan it bestjoer van de ISMGF en fan it Nasjonaal Fûns Sport Gehandicapten (NFSG) yn Nederlân, en ek fisefoarsitter fan de Nederlanske ynvaliden Sportbûn (NIS) hat in wichtigge finansjeele subsydzje fan it NFSG krije kinnen foar de Spullen yn Grut Brittanje. Allinne troch dizze finansjeele stippe út Nederlân koene de Spulen fan 23 july 1984 oant 1 augustus 1984 in Stoke Mandeville organisearre wurde.