Midslân: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
→‎Kultuer: wurdkar
Robbot (oerlis | bydragen)
L Botgeholpen doorverwijzing: Dracht - Verwijzing(en) gewijzigd naar dracht (klean)
Rigel 20:
Midslân hat in eigen doarpsbestjoer, de ''buorlju fan Midslân''. Dizze bueren, de folwoeksen manlike ynwenners fan it doarp, fergaderje op de tredde freed fan it nije jier by it ''buorrebier'', om de problemen fan it doarp op te lossen. Yn Midslân jildt de ''buorplicht'', de ferplichting soarch foar de mei-ynwenners te dragen. Dy soarch hâldt mei it organisearjen fan de begraffenis fan ferstoarne doarpsgenoaten yn.
Op 25 juny wurdt yn Midslân jierliks it SintJansfeest hâlden, in draverij mei hynders sûnder seal yn de de buorren, de Easterbuorren.
Midslân hat in folksdûnsdferiening, yn de simmer treedt dy feriening op. Dizze feriening hat [[dracht (klean)|dracht]] oan dy't dêr eartiids op snein droegen waard. Yn maart wurdt jierliks it Iepen Skylger Dartstoernoai spile. Op ferskillende lokaasjes wurdt der om ferskillende titels striden lykas de dames en heren single, it ferrassingskeppeltoernoai en de fêst dames en hearen keppeltoernoaien. Ek oan de jeugd wurdt tocht middels in jeugdtoernoai en in âlder-bern toernoai. Foar eventuele dielname oan it toernoai moat ier genôch ynskreaun wurde.
 
Midslân is ek it doarp dêr't troch [[Joop Mulder]] it Oerol Festival betocht waard as lytsskalich strjitteteaterfestival en no útgroeid is ta in festival fan nasjonale betsjutting.