Wezeling: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
Robbot (oerlis | bydragen)
L Botgeholpen doorverwijzing: Dracht - Verwijzing(en) gewijzigd naar dracht (frucht)
Rigel 18:
De bistkes binne dei en nacht aktyf, wêrby't se op ûngeregelde miminten rêstperioades nimme. Faak steane wezelingen op'e efterpoaten om de omjouwing te ferkenenen.
 
Wezelingen libje solitêr. It [[territoarium]] fan in mantsje oerlapet meastal meardere territoaria fan wyfkes. De hoale is faak in âlde hoale fan in opfretten proaidier. It Nêst wurdt yn kâldere streken beklaaid mei de pels fan proaidieren. Wyfkes lizze yn it foarjier foarrieden oan, sadat se minder hoege te jeien en enerzjy sparje kinne foar de [[dracht (frucht)|dracht]].
 
In april en maaie is de earste [[woarp]], nei in draachtiid fan 34 oant 37 dagen. De wezeling hat gjin [[ferlinge draachtiid]], lykas in soad oare martereftigen. By genôch fretten folget der yn july en augustus in twadde woarp. By elke woarp krije de dieren 4 oant 6 jongen. Dit getal kin farieare fan ien oant sechtjen jongen per woarp. Benammen yn in goed [[lemmingjier]] krije wezelingen yn noardlike populaasjes gruttere en meardere woarpen. De maitiidswoarp groeit hurd, de simmerwoarp stadiger. Nei fjouwer wiken gean de eachjes iepen, en nei trije oant fjouwer wiken wurde de jongen ôfwend. At de jongen acht wiken âld binne, kinne se al goed jeie.