Westerkertiersk: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
J'88 (oerlis | bydragen)
No edit summary
Robbot (oerlis | bydragen)
L Botgeholpen doorverwijzing: Grins - Verwijzing(en) gewijzigd naar Grins (stêd)
Rigel 5:
eigen namme = Westerkertiers |
sprutsen yn = [[Nederlân]] |
taalgebiet = it súdwesten fan 'e provinsje [[Grinslân]], begrinzge troch de [[Drinte|Drintske]] grins yn it súdeasten, de stêd [[Grins (stêd)|Grins]] yn it easten, it [[Reiddjip]] yn it noardeasten en de [[Fryslân|Fryske]] grins yn it westen; fierders trije doarpen ([[Mûntsjesyl]], [[Warfstermûne]] en [[Boerum]]) yn it easten fan 'e oangrinzgjende [[Fryslân|Fryske]] gemeente [[Kollumerlân]] |
tal sprekkers = 23.000 | teljier = 1999 |
dialekten =
Rigel 30:
== It Westerkertierske Taalgebiet ==
 
It Westerkertierske taalgebiet wurdt begrinzge troch de [[Drinte|Drintske]] provinsjegrins yn it súdeasten, de stêd [[Grins (stêd)|Grins]] yn it easten en it [[Reiddjip]] yn it noardeasten. Yn dy gebieten bestiet in floeiende oergong fan it Westerkertiersk nei twa oare [[Nedersaksysk|Nedersaksyske]] dialekten, it [[Noarddrintsk]] en it [[Grinzersk]]; de oergong nei it [[Hegelânsk]], dat oare kant it [[Reiddjip]] sprutsen wurdt, is fanâlds minder floeiend.
 
Yn it westen einiget it Westerkertierske gebiet abrupt dêr't it [[Frysk|Fryske]] taalgebiet begjint. De grins wurdt dêr fan súd nei noard foarme troch de [[Fryslân|Fryske]] provinsjegrins tusken [[Allardseach]] en [[De Wylp]], dan in tinkbyldige line dy't fan [[De Wylp]] oer [[Mearum]] nei [[De Grinzer Pein]] rint, oer it grûngebiet fan 'e provinsje [[Grinslân]], en dan wer de provinsjegrins fan [[Fryslân]], tusken [[De Grinzer Pein]] en it punt dêr't dy gearfalt mei de rivier de [[Lauwers]]. Benoarden dat punt rint it Westerkertierske gebiet troch yn 'e provinsje [[Fryslân]], dêr't it de doarpen [[Mûntsjesyl]], [[Warfstermûne]] en [[Boerum]] yn it easten fan 'e gemeente [[Kollumerlân]] omfettet. Yn it doarp [[Kollumerpomp]] wurdt it [[Pompstersk]], in [[Nedersaksysk]] oergongsdialekt tusken it [[Frysk]] en it Westerkertiersk sprutsen.
Rigel 41:
 
=== De Ynfloed fan it Nederlânsk ===
Njonken it [[Grinzersk]], dat yn 'e stêd [[Grins (stêd)|Grins]] sprutsen wurdt, stiet it Westerkertiersk hjoed de dei fan alle [[Grinslânsk|Grinslânske]] dialekten it meast ûnder druk fan it [[Nederlânsk]]. In protte fan it taaleigen is dêrtroch al ferlern gongen, itsij troch it oernimmen fan Nederlânske foarmen, itsij troch it ôfswakjen fan 'e eigen foarmen ta Nederlânskeftige foarmen. Dat lêste is bygelyks bard mei de doetiidsfoarm fan it tiidwurd meitsje ("makke" - yn it [[Nederlânsk]] "''maakte''"), dat yn it Westerkertiersk foarhinne "''moek''" wie, mar tsjintwurdich "''moakte''".
 
=== It Fryske Substraat ===