Edzard de Grutte fan Eastfryslân: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
red
Robbot (oerlis | bydragen)
L Botgeholpen doorverwijzing: Karel V - Verwijzing(en) gewijzigd naar Karel V fan it Hillige Roomske Ryk
Rigel 13:
Yn 1514 setten 24 hartoggen en greven fan it Hillige Roomske Ryk mei in grut leger nei Fryslân. De strideraasjes dy't yn it tiidrek 1514-1517 folgen, binne ûnderdiel fan it [[Saksyske Skeel]]. Earst besykje se mei sa'n 20.000 man de stêd [[Lier]] te feroverjen. Troch ien kannonskot waard de oanfierder fan dat leger deade en lutsen har dêrtroch werom út de striid. Dêrnei folgen yn 1514 allinnich mar ferliezen foar Edzard. Yn dat jier wurdt Auwerk oanfallen, troch striid en brânstifting stiet hast gjin bouwurk mear oerein. De measte ferdigeningswurken en boargen yn East-Fryslân wurde troch it leger fan it Hillige Roomske Ryk oermastere. De fal fan Appingedam, dêr’t hûnderten boargers by fermoarde waarden, betsjutte de ein fan syn hearskippij oer de Ommelannen.
 
Yn 1515 slacht Edzard de Grutte werom en feroveret East-Fryslân foar in grut part werom. [[George fan Saksen]] ferlear syn macht yn de Fryske lannen en ferkocht syn oanspraken op Grinslân en Fryslân oan keizer [[Karel V fan it Hillige Roomske Ryk|Karel V]]. Dêrmei einige de [[Saksentiid]] yn Westerlauwersk Fryslân en de Grinzer Ommelannen. It Saksyske Skeel kaam yn desimber 1517 mei in ferdesferklearring ta in ein.
 
Yn de tweintiger jierren komt de [[reformaasje]] nei East-Fryslân. Edzard wie gjin tsjinstanner fan de Reformaasje, mar hold him der net aktyf mei dwaande. Syn hâlding foar de reformaasje oer wie wol hiel bepalend foar de lettere ûntjouwing fan de reformaasje yn East-Fryslân.