Karel de Grutte: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Robbot (oerlis | bydragen)
L Botgeholpen doorverwijzing: Rome - Verwijzing(en) gewijzigd naar Rome (stêd)
Robbot (oerlis | bydragen)
L Botgeholpen doorverwijzing: Saksen - Verwijzing(en) gewijzigd naar Saksen (folk)
Rigel 8:
 
== Utwreiding fan it ryk ==
Yn de yn totaal 46 jierren fan syn hearskippij fierde Karel mear as 50 oarloggen, wat ek foar in [[Midsieuwen|midskieuske]] monarch mear as trochsnee wie. Syn wichtichste tsjinstânners wienen de [[Saksen (folk)|Saksen]] en [[Langobarden]], mar ek mei de [[Friezen]] hied er te stellen.
=== De Friezen en Saksen ===
Wat as in strafekspedysje tsjin de [[Saksen (folk)|Saksen]] begûn, waard al gau in wiidweidige oermastering en leauwensoarloch dy't 32 jier oanhâlde soe en dy't te boek steld waard as de [[Saksenkriich]]. Yn [[772]] foel er mei in grut leger de Saksen oan en de [[Friezen]] eastlik fan de [[Lauwers]]. Hy fersloech harren yn in tal slaggen en dêrtroch kamen it lêste ûnôfhinklik-bleaune Fryske gebiet en it lân fan de Saksen yn Frankyske hannen.
 
Under oanfiering fan [[Widukind]] kaamen de Saksen ferskate kearen yn opstân, dêr't ek de Friezen yn [[782]] oan mei dien hawwe. Widukind joech him oer yn [[785]] en ek de Fryske opstân waard delslein. De tsjinstân fan de Saksen wie stiifsettich, earst yn [[804]] hawwe hja harren lang om let foar altiten deljûn. Under dy oarloch ûntstie it kweade sizzen fan de "bekearing mei izeren tongen", wêrmei't de twongen bekearing mei it swurd bedoeld waard. Hjirta furdige Karel in dekreet út, de [[Capitulatio de partibus Saxoniae]], wêryn foar it earst yn de westerske skiednis mei geweld in bekearingspolityk bedreaun waard. Yn [[797]] furdige Karel in nij dekreet út, ûnder ynfloed fan syn riedjouwer [[Ealwyn]], dat in wat sêftere bekearingspolityk besjutte. Dat dekreet wie de [[Capitulare Saxonum]]. Yn [[782]] kaam it ta de romrofte moarderij fan [[Verden]], dêr't neffens de oerlevering 4.500 Saksyske opstannelingen ûnthalze wêze soene.