Brittanje: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Amirobot (oerlis | bydragen)
Robbot (oerlis | bydragen)
L Botgeholpen doorverwijzing: Saksen - Verwijzing(en) gewijzigd naar Saksen (folk)
Rigel 14:
Dizze perioade wie foar Brittanje in perioade fan grutte bloei, dy't ta it grutste part fan de 4e ieu trochgean bliuwe soe. Der waard yn dizze periode in soad boud en op tal fan plakken ferskynden grutte partikuliere huzen.
 
Healwei it midden fan de ieu waard de sitewaasje lykwols minder en waard Brittanje fan ferskate kanten oanfallen troch [[Pikten]], [[Skotten]], [[Attakotty]], [[Saksen (folk)|Saksen]] en [[Franken]]. Dizze swiere oanfallen barden tusken [[364]] en [[367]] en wurde de ''barbaria conspiratio'' neamd. [[Theodosius de âldere]] (de heit fan de lettere keizer [[Theodosius I]] kaam yn [[368]] nei Brittanje mei in grut ekspedysjeleger om de oarder weromkomme te litten.
 
Yn [[383]] waard generaal [[Magnus Maksimus]] troch it leger yn Brittanje as keizer útroppen. Maksimus hie mei [[Theodosius de âldere]] yn Brittanje op fjildtocht west, en hie sels in stikmannich oerwinnings helle. Hy stuts mei in grut diel fan syn troepen oer nei [[Galje]] om syn machtsgebiet út te wreidzjen. Neidat in grut diel fan de troepen weromgong waard Brittanje wer oanfallen. Mar yn [[388]] nei it ferstjerren fan Maksimus kaam de rêst op werom. Pas yn [[398]] kaam der wer in grutte oanfal fan de Pikten.