Quinty Trustfull: ferskil tusken ferzjes
Content deleted Content added
Nije Side: thumb|250px|Trustfull by de ''Beau Monde Awards'' (novimber 2010) '''Quinty Trustfull-van den Broek''' (Amsterdam, 6 oktober 1971) is in [[Nede... |
(Gjin ferskil)
|
De ferzje fan 21 mai 2011 om 17.36
Quinty Trustfull-van den Broek (Amsterdam, 6 oktober 1971) is in Nederlânsk televyzjepresintatrise en earder model.
Biografy
Trustfull folge de havo en studearre foar it horekadiploma. Dêrnei wie se catering- en hotelmanager en wurke dêrneist as fotomodel. Fan 1993 ôf wie hja omropster by Veronica. Letter presintearre sy programmas by SBS 6 (sa as: Je eigen droomhuis, Money Makers) en RTL 4 (sa as: Eigen Huis & Tuin, Battle of the Stars, Ik kom bij je eten).
Sûnt 5 april 2010 presintearret sy mei Loretta Schrijver it moarnsprogramma Koffietijd.
Trustfull is troud mei fuotballer Orlando Trustfull en tegearre hawwe sy twa bern (Kayne en Moïse). Sy wenje yn Almere.