Glee (telefyzjesearje): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L kat. oanpast
FK-4 (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 1:
[[File:Glee red-yellow.svg|thumb|Glee logo]]
'''Glee''' is in [[Feriene Steaten|Amerikaanske]], komyske en musikale [[tillevyzje]]seryrige út [[2009]] fan Fox. It ferhaal giet oer in groep jongerein dy't mei in dosint [[Spaansk]] in koar begjint op harren skoalle. Dit is de fiktive ''William McKinley High School'' yn Lima ([[Ohio]]). Yn eltse ôflevering sitte in pear lietsjes dy't by it ferhaal passe en sintraal steane de brektmen fan elts fan harren en hoe't hja opbokse moatte tsjin de foaroardielen fan 'e oare studinten en ferskate dosinten (lykas de gemiene 'Sue Sylvester', dy't it koar sjocht as in bedriging foar har [[cheerleaders]]).
 
De seryrige is in súkses sjoen nei de sjochsifers en Fox woe nei trije ôfleverings in hiele rige fan 22 ôfleverings. Yn it begjin fan 2010 makke Fox ek de twadde rige fan 'e rige buorkundich. Op 23 maaie 2010 joech Fox ek oan dat de rige ek in tredde seizoen krije soe. Dit sil de kosten fan it programma drokke kinne en de skriuwers de kâns biede om foarút te tinken by it skriuwen fan 'e senario's.
 
De sjo waard betocht troch [[Ian Brennan]] en ûntwikkele troch [[Ryan Murphy]]. Yn [[Nederlân]] is de rige sûnt 14 septimber 2010 eltse wike op tiisdei te besjen op [[RTL 5]]. Yn [[Flaanderen]] is de rige sûnt 27 desimber 2010 te sjen op [[2BE]]. De rige waard al nei 2 wiken fan 'e tillevyzje ôfhelle troch tsjinfallende sjochsifers. De rige wurdt sûnt 19 febrewaris 2011 útstjoerd op sneontejûn.