Cuneus Frisionum: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
LNo edit summary
L lyts guod, neat oan'e hân
Rigel 4:
Yn de [[3e ieu]] wienen der yn it [[Romeinske Ryk]] diverse helptroepen (''[[auxilia]]'') gearstald út striders fan net-Romeinske folken. De kriichsformaasje dy't yn dy tiid meastentiids brûkt waard wie de ''cuneus'' (Latyn foar 'kyl'). Troch de soldaten sels waard dat de "bargekop" formaasje neamd. [[Publius Cornelius Tacitus|Tasitus]] beskriuwt yn syn ''[[Historiae]]'' dizze wize fan striden as "oan alle siden ticht op inoarplakt en befeilige yn de punt, de efterhoede en de flanken".
 
Tanksij in alterstien fûn yn [[Housesteads]] by [[Hexham]] yn it noarden fan Ingelân, is bekend dat er [[Friezen|Fryske]] hiersoldaten by it Romeinske leger yn tsjinst wienen. Dizze stien, dy't oprjochte waard troch Friezen, datearret út likernôch 222-235 en is wijd oan ''Mars Thingsus''. Mars Thingsus, betsjut letterlik 'Mars fan it ding' en is sûnder twifel de Fryske Germaanske god [[Tyr]] dy't troch de Romeinen mei harren god [[Mars (god)|Mars]] lykstelden.
 
De tinkstien hat as ynskripsje: "DEO MARTI ET DVABVS ALAISIAGIS ET N AVG GER CIVES TVIHANTI CVNEI FRISIORVM VER SER ALEXANDRIANI VOTVM SOLVERVNT LIBENTES M".