Content deleted Content added
Aliter (oerlis | bydragen)
Bonifatiustsjerke
DDurk (oerlis | bydragen)
Rigel 13:
Tsjom hat in hege, en hieltiid noch grutte terp, mei in tsjerke, in Johannestsjerke, mei in opfallende toer. De toer, út [[1548]], is 72 meter heech, dêr't de spits 41 meter fan is, en is dêrmei de heechste doarpstoer yn Fryslân. Der binne al stêdstoeren dy't heger binne. Sa is bygelyks de toer fan 'e [[Bonifatiustsjerke]] yn Ljouwert, fan likernôch 1880, sels 85 meter heech.
 
De bynamme fan de Tsjommers, ''Lyntsjesnijers'', hat ek mei de toer te krijen. Neffens it ferhaal soenen lju fan [[Aldeboarn]] besocht hawwe de toer fan Tsjom op te mjitten, mei it doel in noch hegere toer bouwe te kinnen en dêr mei te pronkjen. Fan de line dy't de lingte oanjoech sniene de Tsjommers lykwols in stik ôf, dat doe't Aldeboarn in toer boud hie dy't heger wie as de line lang wie, wie dy dochs lytser as dy fan Tsjom.
 
== Berne yn Tsjom ==