Stanisław Sosabowski: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
L [[]], neat te rêden
Rigel 1:
[[Ofbyld:Sosabowski Browning.jpg|thumb|Sosabowski (lofts) mei generaal Browning (rjochts)]]
'''Stanisław Franciszek Sosabowski''' (Stanisławów (tsjintwurdich [[Ivano-Frankivsk]], [[Oekraïne]]), [[8 maaie]] [[1892]] - [[Hillingdon]], [[25 septimber]] [[1967]]) wie in generaal-majoar yn it [[Poalen|Poalske]] leger. Hy wie de oprjochter fan de Poalske 1e Unôfhinklike Parasjutistebrigade, wêrmei't er as befelhawwer yn septimber [[1944]] focht yn de [[Operaasje Market Garden]]. Sosabowski waard troch ferskate minsken ferantwurdlik holden foar it mislearjen fan dy operaasje.
 
== Biografy ==
Sosabowski kaam yn Stanisławow op 'e wrâld. Stanisławow wie de haadstêd fan de provinsje Galisië dat yn syn jonge libben ûnderdiel wie fan [[Eastenryk-Hongarije]]. Yn [[1918]] waard Poalen in ûnôfhinklik lân. Sosabowski wie de soan fan in spoarmeiwurker en hie noch fjouwer sussen. Yn 1911 wie er klear mei syn skoalle. Nei syn skoalle wurke er by in bank en gong letter it Eastenryksk-Hongaarske leger yn. Yn [[1914]] fjochte hy oan it Russyske front. Yn juny 1915 rekke er ferwûne by de rivier de Lesna. Hy krige ferskate ûnderskiedingen foar syn moed, en waard yn 1918 befoardere ta luitenant. Nei de ein fan de [[Earste Wrâldkriich]] wurke er yn it nij oprjochte Poalske leger. Yn de jierren 1923-27 die er syn stúdzje by de Generale Stêf, dêr't er fan 1930 oant 1936 as dosint wurke. Yn 1937 waard Sosabowski befoardere ta kolonel.
 
Yn jannewaris 1939 waard Sosabowski kommandant fan in ynfantryrezjymint yn [[Warsjau]]. Op 1 septimber 1939 falle de Dútsers Poalen oan. Sosabowski en syn ynfantryrezjymint fjochtsje by Warsjau tsjin de Dútsers. Foar de ferdigening fan Warsjau krijt er de heechste Poalske militêre ûnderskieding, de Virtuti Militari. Nei't de Dútsers Poalen beset hienen flechte Sosabowski oer [[Tsjechoslowakije]] nei [[Frankryk]]. Nei it ferlies fan Frankryk yn 1940 flechte er nei Grut-Brittanje en waard yn Skotlân stasjonearre. Dêr waard er befelhawwer fan de Poalske 1e Unôfhinklike Parasjutistebrigade.