Saksetiid: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Robbot (oerlis | bydragen)
L Botgeholpen doorverwijzing: Karel V - Verwijzing(en) gewijzigd naar Karel V fan it Hillige Roomske Ryk
oanf fan :nl
Rigel 6:
* [[Hindrik fan Saksen]]
* [[Joaris mei de Burd|George fan Saksen]].
 
== Skiednis ==
Yn de [[14e ieu|14e]] en [[15e ieu]] wie [[Westerlauwersk Fryslân|Fryslân]] te proai fallen oan [[partijstriid|partijtwisten]] tusken de [[Skieringers en Fetkeapers]]. Op de ein fan de 15e ieu like it derop dat de Fetkeapers it pleit winne soenen mei stipe fan [[Grins (stêd)|Grins]]. De Skieringers stienen mei de rêch tsjin de muorre en keazen doe in [[potestaat]] [[Juw Dekama]] dy't lykwols op eigen krêft Fryslân net ûnder kontrôle krije koe. Hy fersiket dêrom yn 1498 oft [[Albrecht fan Saksen]] it bestjoer oer te nimmen. In Skieringer ôffurdiging reizget nei [[Medemblik]], dêr't sy yn maart dat jier Albrecht erkenden as 'hear fan [[Westergoa]] yn Fryslân', op betinkste dat er nammens it [[Hillige Roomske Ryk|it Ryk]] beneamd wurde soe as steedhâlder, oars koe der wer ôfsetten wurde; dizze ôfspraak waard bekrêftige by it Ferdrach fan Snits op 30 april 1498<ref name="Frieswijk">{{aut|Johan Frieswijk}} e.a., [http://books.google.nl/books?id=r_EU2Q4mDHAC&printsec=frontcover&source=gbs_v2_summary_r&cad=0#v=onepage&q&f=false ''Fryslân, staat en macht 1450-1650: bijdragen aan het historisch congres te Leeuwarden van 3 tot 5 juni 1998'' (Hilfersom 1999) 90]. Uitgeverij Verloren.</ref>.
 
Troch Albrecht waard foar koarte tiid de rust yn Fryslân werstelle, hy frege dêr lykwols in hege priis foar. De keizer, [[Maksimiliaan I fan it Hillige Roomske Ryk|Maksimiliaan]], stie foar grutte bedragen by Albrecht yn it kriit. Om syn ferplichtingen foldwaan te kinnen beneamde hy Albrecht as ''erflik gubernator en potestaat nammers de Roomske kening fan it Hillige Roomske Ryk'' oer de gebieten Eastergoa, Westergoa, Sânwâlden, de Stellingwerven, de Ommelannen, Dithmarschen en Noard-Fryslân (20 july 1498)<ref name="Frieswijk 92">Frieswijk e.a., ''Fryslân'', 92</ref>. Letter waarden hjir noch East-Fryslân, de stêd Grins en Butjadingen oan tafoege (27 maart 1499)<ref name="Frieswijk 93">Frieswijk e.a., ''Fryslân'', 93</ref>.
 
Albrecht soe der nea yn slagge om syn bewâld yn alle dizze gebieten út te oefenjen, hy krige inkeld it lân westlik fan de [[Lauwers]] fêst yn hannen. Hjir set er in nij bestjoersapparaat op poaten mei it Dútske as offisjele taal. Dizze feroaring soe in grutte tebeksetting wurde foar de Frysk taal en in ein meitsje oan it brûken fan it Frysk yn it offisjele ferkear.
 
== Ein ==
Op [[19 maaie]] [[1515]] die George fan Saksen ôfstân fan Fryslân. Hy ferkocht it foar de prys fan f. 100.000,-- oan [[Karel V fan it Hillige Roomske Ryk|Karel V]].
 
{{boarnen|boarnefernijing=
'''Fuotnoat:'''
<references/>
}}
 
{{stobbe-skiednis}}