Slach oan de Paelesleat: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Gewoanwei sa. Neat te rêden. Red.
flaterke
Rigel 2:
 
== De slach en neirin ==
Yn de slach waarden de Skieringers yn grutte tallen ferslein troch de Eastfyske [[Fokke Oekes]] dy't oanfierder wie fan de Fetkeapers. De oermastere Skieringers flechtten en koene beskûl fine yn de stêden [[Starum]] en [[Sleat]]. Dêrút wei waard help frege by hartoch [[Jan fan Beieren]] dy't neffens in ferbûn ferplichte wie om de FetkeapersSkieringers te helpen.
 
Underwilens sloech Oekes it belis foar Sleat dat er earst bemachtigje woe ear't Starum, it foarnaamste ûntwyk fan de Skieringers oanfallen wurde koe. Om Sleat gau ta oerjefte twinge te kinnen liet Oekes swier geskut út [[Grinslân]] oerkomme. De muorren fan de stêd blykten lykwols sterker te wêzen as dat earst tocht waard, ek hienen har folle mear Skieringers yn de stêd ferskûle at yn earsten tocht waard.