Kodeks Roarda: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
LNo edit summary
Rigel 1:
[[Ofbyld:codexroordapagina.jpg|thumb|250px]]
De '''Kodeks Roarda''', ek wol '''hânskrift Roarda''' neamd, is in [[midsieuwen|midsieusk]] [[hânskrift (dokumint)|hânskrift]] mei [[Latyn|Latynske]] en [[Aldfrysk|Aldfryske]] rjochtsteksten. Oer de krekte datearring wurdt ferskillend tocht, mar moat lykwols lizze tusken 1480 oant 1504. De Kodeks Roarda is fan belang omdat dêryn it midsieuske Fryske rjocht beskreaun wurdt, dat gou foar de fêstiging fan it sintraal gesach yn Fryslân. Dêrneist is it taalkundich fan belang omdat it foar in part yn it [[Aldfrysk]] opsteld is. De Kodeks Roarda is yn besit fan en wurdt bewarre by [[Tresoar]] yn Ljouwert.
 
==Datearring en skiednis fan it boek==
De oarsprong fan de Kodeks Roarda is net dúdlik. Nei alle gedachten is yn [[1480]] begûn mei it meitsjen derfan. Briquet datearre it boek oan de hân fan wettermerken op 1495.<ref>C.M. Briquet, ''Les Filigranes, Dictionnaire Historique des Marges du Papier'', 4 vol., Paris, 1907</ref> Nij papierûndersyk hat no laat ta in datearring omtrint 1504.<ref>Gerard van Thienen, ''A date for the "Freeska Landriucht " Press (1484-7) from paper evidence, with a note on the Codex Roorda...'', yn: ''Incunabula: studies... presented to Lotte Hellinga'' (cf. nr. 2966), side 141-167, ill. </ref>
Wa't it boek gearstalle litten hat is ek net helder. De earste besitter wie lykwols [[Karel fan Roarda]], dy't healwei de [[17e ieu]] [[grytman]] wie fan [[Idaarderadiel]] en (ek) lid fan Deputearre Steaten. As lid fan in aadlik Frysk [[haadling]]engeslacht, is it mooglik, mar net wis, dat it wetboek al oardel ieu famyljebesit wie.
 
Rigel 9:
[[Ofbyld:Codexcover.jpg|thumb|left|300px]]
Der is in lakune yn de skiednis fan de Kodeks Roarda fan it momint ôf dat Gabbema it yn besit hie oant de folgjende foarsitter, [[Petrus Wierdsma]] ([[1729]] - [[1811]]). It is mooglik dat ds. Johannes van der Waeijen, de opfolger fan Gabbema, it boek as ûnderdiel fan de profesjonele neilittenskip fan Gabbema oernomd hat.
Neffens de Ljouwerter stedshistorikus [[Wopke Eekhoff]] yn in lêzing foar it [[Provinciaal Friesch Genootschap ter Beoefening van Friesche Geschied-, Oudheid- en Taalkunde|Frysk Genoatskip]] yn [[1854]], is it ûnwierskynlik dat Petrus Wierdsma it boek urven hat: syn heit wie arts en Petrus wie notaris/rjochtsgelearde.<ref>W. Eekhoff, 'Voorlezing over het leven van Petrus Wierdsma en zijne verdiensten omtrent de geschiedenis en letterkunde van Friesland', ''De Vrije Fries'' 8 (1859) 1-47</ref> Eekhoff wit ek te fertellen dat Petrus Wierdsma boeken en kodeksen oernomd hat út de neilittenskip fan Werumeus, Halsema, Heringa en oaren, mar oft de Kodeks Roarda dêrhjir tusken siet, is net bekend.
 
Petrus Wierdsma bestudearre en publisearre oer de âlde Fryske wetten en wisseker is dat erhy dêrfoarhjirfoar de Kodeks Roarda brûkte, dy't erhy oersetteoersete en fergelike mei de rjochtsteksten út de kodeksen Dousa en Emmius.<ref>Petrus Wierdsma en Pieter Brantsma, ''Oude Friese wetten / met eene Nederduitsche vertaaling en ophelderende aantekeningen voorzien'' (yn trije dielen, wêrfan't it tredde nea publisearre waard, 1782 1788), Kampen en Ljouwert, J.A. de Chalmot en J. Seydel</ref>
 
Nei syn ferstjerren dienen de widdo en soan fan Wierdsma it wichtichste diel fan syn bibleteek troch in feiling fan de hân. Hânskriften, lykas de Kodeks Roarda bleau noch in skoft bewarrebewarren, mar ek dydizzen waarden ferkocht yn 1858. De Kodeks Roarda kaam doe yn besit fan de Dútske germanist, rjochtsgelearde en heechlearaar [[Karl von Richthofen|Karel baron fan Richthofen]] (1811 – 1888). Syn wichtichste publikaasje yn relaasje ta de Kodeks Roarda is ''Untersuchungen über friesische Rechtsgeschichte'' (yn trije dielen tusken 1880 en 1886).
 
De Provinsjale Bibleteek fan Fryslân (no ûnder de namme Tresoar) hat yn 1922 út de neilittenskip fan Von Richthofen tsien Aldfryske hânskriften oankocht, wêrûnder de Kodeks Roarda (oantsjutten as Ro). Dêr wurdt it no noch altyd bewarre.
Rigel 29:
[[Kategory:Rjochtsskiednis]]
[[Kategory:Fryske literatuer]]
[[Kategory:Histoaryske boarne]]
[[Kategory:Skiednis fan Fryslân]]