Printsjekaart: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
sa as
Rigel 6:
=== Tema's ===
Oarspronklik wienen de measte printsjekaarten lykwols winskkaarten, fral foar [[Nijjier]]. Dêr kamen topografyske ôfbylden by, gebouwen, doarpen, stêden. Earst waarden allinnich tekenings brûkt, mar al gau kamen dêr foto's by.
[[Ofbyld:Haven Marken begin 20e eeuw.jpg|thumb|Printsjekaart fan Marken, iere 20e ieu]]
 
Yn [[Nederlân]] hie de [[PTT]] oant [[1892]] in monopoalje op brievekaarten, mar doe't dat einige woeks it tal fan printsjekaarten hurd. Yn de earste twa desennia fan de 20e ieu wienen de kaarten it populêrst. Yllustraasjes wienen fierders net sa algemien, en ynformaasje oer oare plakken op de wrâld ek net. Sadwaande waarden printsjekaarten brûkt foar alle mooglike ynformaasje, fan natuerrampen oant tekene grapkes.