La Palma: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L r2.7.1) (Bot - derby: ko:라팔마 섬
Rigel 14:
Nei alle gedachten wienen de Kanaryske Eilannen al by de [[Foenysjers]] bekend en de [[Griken]]. De [[Genua (stêd)|Genuaanse]] ûntdekkingsreizger [[Lancelotto Malocello]] berikte de eilannekloft yn [[1312]] en bleau der twa desennia oant er ferband waard nei in opstân fan de eardere bewenners.
 
Yn [[1404]] waard begûn mei de oermastering fan it eilân troch de Spanjerts. By wêr't no Santa Cruz leit sette sy foet oan wâl. Lykwols soe it oant [[1493]] duorje, nei in protte bluodrigebluodderige fjildslaggen, foardat it ferset fan de earste bewenners brutsen wie. De namme fan de úteinlike oermasterder fan La Palma wie [[Alonso Fernández de Lugo]]. Troch him waard de lêste kening fan it eilân [[Tanausu]] ferslein mei help fan in list. Dizze kening hearste oer it gebiet dat bekend stie as Acero (Caldera de Taburiente). Tegearre mei Juan de Palma, in ta it [[Kristendom]] bekearde [[Guanchen|Guanche]] en besibbe mei Tanausu, organisearre de oermaster in fredespetear mei de kening. Nei dat Tanausu ynstimme hie om in ferdrach te sletten waard er yn in mûklaach lokke. Nei de Spaanske ferovering fan La Palma binne de earste bewenners stadich ferdwûn. Hja waarden fermoarde, ferkocht as [[slavernij|slaven]] of gienen op yn de Spaanske befolking.
 
De folgjende twa ieuwen waarden de delsettingen op La Palma wolfarrend trochdat it eilân as hannelspost tsjinne op de rûte nei de [[Amearika|Nije Wrâld]].