La Palma
La Palma is it fierst noardwestlik lizzend eilân fan de Kanaryske Eilannen yn de Atlantyske Oseaan foar de kust fan Afrika. De haadstêd is Santa Cruz de La Palma.
Omskriuwing
bewurkje seksjeLa Palma hat in oerflak fan 729 km² en is om-ende-by 42 by 24 kilometer. Yn 2005 wennen der 85.252 minsken.
It eilân heart by de Spaanske provinsje Santa Cruz de Tenerife. Krekt as Tenerife en Gran Canaria hat it eilân in fruchtbere wiete side, en in drûge kant dêr't it meastepart fan it toerisme him ôfspilet.
De haadstêd Santa Cruz de la Palma hat 18.000 ynwenners en leit oan de eastside fan it eilân. Grutste stêd fan La Palma is Los Llanos de Aridane (± 20.000 ynwenners) en leit oan de westkant.
Skiednis
bewurkje seksjeDe earste bewenners fan La Palma wienen de Benahoariten (Spaansk: Benahoares) dêr't net wis fan is wêr't sy wei kamen. Hja hienen in neolityske kultuer en wienen ferparte yn ferskillende stammen dy't laat waarden troch stamhaden. Hja neamden La Palma Benahoare. De wichtichste oerbliuwsels fan dy kultuer binne grotwennings, rotstekeningen en mei stiennen befluorre paden troch de bergen.
Nei alle gedachten wiene de Kanaryske Eilannen al by de Foenysjers en de Griken bekend. De Genuaanske ûntdekkingsreizger Lancelotto Malocello berikte de arsjipel yn 1312 en bleau der twa desennia oant er ferband waard nei in opstân fan de eardere bewenners.
Yn 1404 waard begûn mei de oermastering fan it eilân troch de Spanjerts. Op it plak dêr't no Santa Cruz leit lânen se. It soe lykwols oant 1493 duorje, nei in protte bluodderige fjildslaggen, foardat it ferset fan de earste bewenners brutsen wie. De úteinlike oermasterder fan La Palma wie Alonso Fernández de Lugo. Troch him waard de lêste kening fan it eilân Tanausu ferslein mei help fan in list. Dy kening hearste oer it gebiet dat bekend stie as Acero (Caldera de Taburiente). Tegearre mei Juan de Palma, in ta it Kristendom bekearde Guanche en besibbe oan Tanausu, organisearre de oermasterer in fredespetear mei de kening. Nei't Tanausu ynstimme hie om in ferdrach te sluten waard er yn in mûklaach lokke. Nei de Spaanske ferovering fan La Palma binne de earste bewenners stadichoan ferdwûn. Hja waarden fermoarde, ferkocht as slaven of gienen op yn de Spaanske befolking.
De folgjende twa iuwen waarden de delsettingen op La Palma wolfarrend meidat it eilân as hannelspost tsjinne op de rûte nei de Nije Wrâld.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|