It Tichelwurk: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
MeinRei (oerlis | bydragen)
yw
st
Rigel 3:
 
== Fabryk ==
It Tichelwurk is ûntstien om it tichelwurk, ien de fjouwer eardere stienfabriken oan de Ie. De klaai om de Ie hinne wie tige gaadlik foar it bakken fan de reade Fryske stien. DeIt stienfabryk is oprjochte troch Jentsje Wibrandi Csn. It fabryk stie ek bekend as ''It Wynzer Tichelwurk''. Yn [[1843]] wurken dêr 19 folwoeksen en 11 bern. De produksje wie mear as 2 miljoen stiennen yn it jier. Oan de ein fan 19e ieu waard it fabryk ferkocht oan de firma Vermeulen yn Ljouwert, dy’t mear Fryske stienfabriken hie. Om [[1920]] rûn de ferkeap fan de reade Fryske stiennen efterút. Vermeulen naam doe it beslút om it fabryk yn It Tichelwurk te sluten. Yn [[1922]] is it fabryk sloopt.
 
[[Ofbyld:Stiens Tichelwurk it stienfabryk.wiki.jpg|right|250px|thumb|In âlde foto fan it tichelwurk]]
== Skoalle ==
Yn [[1874]] krige It Tichelwurk in eigen skoalle mei sa’n 40 learlingen. Nei it sluten fan deit fabryk rûn it tal learlingen stadichoan efterút. Yn [[1943]] naam master J.E. Wetering ôfskie fan It Tichelwurk om’t skoalle ticht gie. De nije skoalle út [[1932]] stiet der noch as wenhûs.
 
{{DEFAULTSORT:Tichelwurk, It}}