Aggie van der Meer: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
MeinRei (oerlis | bydragen)
L red., mar net folle te rêden
Rigel 1:
'''Aggie van der Meer''', ( [[Boalsert (stêd)|Boalsert]], [[2 septimber]] [[1927]] ) is in Frysk skriuwster dy't har hiele libben yn Boalsert tahâlden hat. Se folge in oplieding ta analiste en in tekenoplieding en túnûntwerper. De fan hûs út [[Roomsk-Katolike Tsjerke|roomske]] Van der Meer krige in baan as learares tekenjen oan de iepenbiere mavo yn Boalsert. Mei har man die se túnûntwerp en túnoanlis,; hy die de oanlis, sy it ûntwerp. Aggie van der Meer wie aktyf yn de fredesbeweging en wie ien fan de inisjatyfnimsters fan Leefbaar Friesland, in beweging dy't him ynset foar de sosjale ferhâldings yn tsjerke en maatskippij en foar biologyske lânbou.
[[Ofbyld:Aggie van der Meer Tresoar 37.jpg|thumb|right|240px|''Aggie van der Meer'']]
== Skriuwen ==
Van der Meer is opmei lettere leeftydjierren begûn mei it skriuwen fan gedichten en proaza. Foar de fredesbeweging en [[Leefbaar Friesland]] skreau se wol altyd al artikels. It iennige proaza dêr't se har al ris oan weage hie, wie it berneboek ''It kemiel fan omke Romke'' (1964). Wol publisearre se inkelde gedichten yn de literêre tydskriften [[Hjir]] en Tzum, en yn it digitale tydskrift [[Kistwurk]]. Har debút yn boekfoarm wie ''De stêd, it bist, de ingel'' (2000). In pear jier letter waard it bewurke ta toanielstik. <br>
Yn it ramt fan 550 jier stedsrjochten fan de stêd Boalsert, skreau hja it stik ''Spegelbylden, spul om Jan Brugman''. Har twadde dichtbondel ''Hân oan 'e muorre'' ferskynde yn 2002 en yn datselde jier debutearre se mei in roman, de 'Lytse roman fan Jon Fels'.
 
[[Pedofily]] is ien fan de tema's yn de ''Lytse roman fan Jon Fels'', in tema dat yn de Fryske literatuer noch net earder oan 'e oarder wie. De styl fan Aggie van der Meer is tagelyk poëtysk, koart en ta de kearn. Har taalgebrûk is ryk,; se skept metafoaren en bylden dy't ferwize nei de [[bibel]], nei oare boeken, nei de natoer en nei de klassiken. Ek yn har ferhaleroman 'Untdekking fan 'e wrâld' jout se har fyzje op it libben en har wrâld troch middel fanmiddels anekdoates, aforismen, ûnderfinings en petearen yn deselde koarte, poëtyske styl as har foarige boeken. Taalgebrûk, styl en it appellearjen oan kennis fan skiednis, bibel en literatuer, meitsje de poëzy fan Aggie van der Meer net maklik tagonklik. Wat de ynhâld fan har wurk oanbelanget, lit Van der Meer in wrâld sjen dy't te lijen hat fan it stribjen nei macht en it egoïsme fan de minske.
 
== Wurk ==