Edzard de Grutte fan Eastfryslân: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
L stikje red., lykwols neat oan de hân
Rigel 3:
 
== Libbensrin ==
Edzard wie de twadde soan fan greve [[Ulrich Sirksena|Ulrik Sirksena]] en [[Theda Ukena]]. Nei de dea fan syn heit yn [[1466]] fierde Theda it bewâld oer East-Fryslân. Om 1480 hinne krige de âldste soan Enno de titel greve fan East-Fryslân. Yn [[1481]] kaam Edzard oan de universiteit fan Keulen dêr't er Roomsk rjocht studearre. Yn [[1491]] stoar Enno by in ûngemak sadat Edzard ta greve fan East-Fryslân beneamd wurde koe. By it ferstjerren fan Enno siet Edzard yn Jerusalem, dêr't er him ta de [[Oarder fan it Hillich Grêf]] riddere litten hie. Nei syn weromkomst yn 1492 bestjoerde Edzard East-Fryslân mei syn mem. Nei de dea fan syn mem yn 1494 dielde hy it bewâld mei syn, mindernet belangrikesa enwichtige minderbroer, ynfloedmei hawwende,net broersafolle ynfloed, Uko. Op [[27 july]] [[1497]] troud Edzard mei Elisabeth von Rietberg, dêrmei wa't hyer sân bern mei krige.
 
=== Konsolidaasje fan syn macht ===
Rigel 9:
 
=== Machtsútwreiding ===
Nei de konsolidaasje fan syn macht tusken Iems en Wezer woe Edzard syn ynfloed nei it westen ta útwreidzje. DêrbyHy tocht erliet yn earste ynstânsje oanit each falle op de [[Lauwers]] as westlike grins. Yn 1498 hie keizer [[Maksimiliaan I fan it Hillige Roomske Ryk|Maksimiliaan I]] de hartoch [[Albrecht fan Saksen]] beneamd ta [[potestaat]] oer alle Fryske gebieten. Edzard joech him del ûnder syn feodale plichten dy't troch de keizer oplein waarden. Nei de dea fan Albrecht fan Saksen yn 1500 waard syn soan [[George fan Saksen]] potestaat oer de Fryske lannen. Krekt as by Albrecht fan Saksen erkende Edzard Sirksena George fan Saksen as syn [[feodalisme|lienhear]]. Edzard Sirksena stipe George fan Saksen by it bestjoeren fan Westerlauwersk Fryslân en de stêd Grins, dêr't grutte wjerstân wie tsjin de Dútske machthawwers. Fan 1499 ôf komme [[Appingedam]] en it [[Oldamt]] ûnder Edzard syn macht. Yn it jier 1506 erkend de stêd Grins Edzard Sirksena as hear. Dêrmei hie Edzard Sirksena syn macht oan de Lauwers ta útwreide.
 
Edzard Sirksena waard steedhâlder fan de [[Ommelannen]]. Formeel wie Edzard steedhâlder út namme fan de hartoch fan Saksen, mar yn de praktyk koe er dêr syn eigen gong gean. Yn [[Westerlauwersk Fryslân]] hie er ûnderwilens ek oanhingers krigen. De Saksyske bestjoerders, dy't feitlik út namme fan it [[Hillige Roomske Ryk]] it bewâld hienen, waarden stadichoan benaud foar Edzard syn macht. Dat die benammen bliken doe't der yn 1512 twa Fryske eallju ûnthalze wurde op fertinking fan kontakten mei Edzard.