Content deleted Content added
L stikje red., it is oars folslein ôfwaaid praat!!
Rigel 10:
Yn it boek ''die Traumdeutung'' (earste printinge [[1900]], fannijs besjoene achtste printinge [[desimber]] [[1929]]) beluts [[Sigmund Freud]] de dream by syn fyzje op de [[psychoanalyze]]. It wurk giet dus út fan wat Freud it [[ûnbewuste]] neamde.
 
[[Freud]] sei sels oer dit boek: ''[[De Dreamtsjutting]] is yn werklikheid de keninklike wei nei it [[ûnbewuste]], de feilichste basis foar [[psychoanalyze]].'' ([[Dútsk]]: ''Die Traumdeutung ist in Wirklichkeit die Via regia zum Unbewussten, die sicherste Grundlage der Psychoanalyse'').
 
Yn de sliep is de bewustwêzensgraad sterk fermindere. De wjerstân is net hielendal opheft, mar syn krêft is ferswakke. De [[Ferkringing (psychology)|ferkrongen]] psychyske ynhâlden krije yn de dream in ûnwerkenbere fermomming wêrtroch't se de ''sensors'' útskeakelje kinne. Dreamen binne dus substitútbefredigingen fan ferkrongen kompleksen. Dreamen hawwe dus in geheime kant, de latinte dreamynhâld dy't ferklearre wurde moat, ''dreamtsjuting''.