Kataren: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L stikje red.
Rigel 3:
 
== Learstellings ==
De krekte learstellings fan de Kataren binne net alhiel dúdlik. Letter binne der ferskillende splintergroepkes west dy’t elk harren eigen regels hienen.
 
De beweging hat sterk beynfloede west troch eartiidske gnostyske skriften en troch in [[Bulgarije|Bulgaarske]] groep, de [[Bogomilen]]. Dat wienen foaral [[dualisme|dualistyske]] leauwens. It dualisme is dan ek in wichtich elemint yn de Kataarske [[teology]] bleaun. De wrâld is boas, wylst god en de himel goed wienen. De kataren hienen de sakraminten en de hiërargy fan de [[Roomsk-Katolike Tsjerke|katolike tsjerke]] ôfskaft en ek it uterlik fertoan wie der net by. Neffens de Kataarske teology bestiet der in dualistyske [[kosmos]], dêr't de God fan it [[nije testamint]] as hearsker fan de spirituele wrâld tsjinoer de boaze god ([[satan]]) fan de stoflike wrâld stiet. Alles dat taastber is, ek it minsklik lichem, makket diel út fan dy boaze skepping.
Rigel 9:
Dizze wize fan nei de wrâld sjen, kin ferbân hâlde mei de hurde wrâld fan dy tiid. Minsken hienen te lijen ûnder it jok fan it [[feodale stelsel]]. En de ienichste manear om't hjirfan te ûntsnappen wie troch de dea. En dat wylst de katolike tsjerke nei in godlike oarde ferwiist. Dat makket it, dat de [[Midsieuwen|midsieuske]] minsken it stelsel akseptearren. De Kataarske wize fan leauwen wie faaks it antwurd op alle minsklike ellinde fan dy tiid. De Kataren beskôgen wrâldlike dingen lykas seks, lúkse en wille as in skieding tusken materiaal en de geast. De Kataren woenen graach kieze foar de geast.
 
De Kataren beskôgen harren sels as de wiere kristlike tsjerke. [[Jezus Kristus]] hat in sintrale rol spile yn harren leauwen. Foar harren is Kristus as de echte soan fan God nei de stoflike wrâld stjoerd om dêr de spirituele ferlossing te ferkundigjen. De Kataren leauden yn it [[Nije Testamint]] en dan foaral it [[Jehannes (evangeelje)|evangeelje fan JohannesJehannes]].
 
De Kataren brûkten de [[bibel]] ek, mar leinen dat oars út as bygelyks de Katolike tsjerke. Wat sy foaral hiel wichtich fûnen wie it idee dat de geast sterker wêze moast as it fleis. Hja wienen fan betinken dat as minsken it goeie paad folgen en in goed minske wienen se fan de boaze wrâld nei de himel gean koenen.
Rigel 17:
Yn tsjinstelling mei de [[Roomsk-Katolike Tsjerke|Katolike tsjerke]] preken de Kataarske preesters yn de folkstaal. Earmoede, beskiedenheid en soberens ek tsjinoer de seksuele behoeften is as ideaal nei stribbe.
 
Der is yn al dy jierren in soad skreaun oer de Kataren. De âldste boarnen hoege net altyd betrouber te wêzen. Lykas de bewearing dat de Kataren kontakt hienen mei de oarde fan de [[Timpeliers]], en dat se de [[hillige Graal]] hawwe soenen, is spekulaasje.
 
== Skiednis ==