Hella Haasse: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L red.
→‎Wurk: tfke
Rigel 10:
 
== Wurk ==
In oantal fan Haasses boeken hat it libben yn Nederlânsk-Ynje as ûnderwerp, sa ek de roman [[Oeroeg (boek)|Oeroeg]], dêr't sy mei trochbruts en dat útkeazen waard foar foar de kampanje "Nederlân Lêst" yn 2009, en ek har aldergrutste suksesroman yn NederlâNederlân: "Heren van de thee".
 
Oer har boek ''Bij de Les = Schoolplaten van Nederlands Indië'', oer in fjirtichtal skoalleplaten, hellet sy herinneringen út Ynje op. Oer har ferbliuw dêre skriuwt sy it folgjende: De havenplaat (yn Ynje) is, lykas in protte oare yn ''Bij de les'', makke troch [[Frits van Bemmel]]. Hella Haasse neamt de platen dy't sy sammelt foar ''Bij de les'' net yn earsten ynstânsje nostalgysk. Sy skriuwt ''Ik kin my net te binnen bringe se ea sjoen te hawwen yn de skoallen yn Batavia, [[Buitenzorg]] en [[Bandoeng]], dêr't ik as bern yn de jierren tweintich en tritich fan de foarige ieu west haw. Yllustratyf is de plaat "Achtererf", dêr't him efter yn de tún in waskline ôftekenet mei dêrefter in skutting''. 'Is Frits fan Bemmel sels ea in "Yndysk" bern west?', freget Haasse har op de side njonken de plaat ôf. ''Zijn "Achtererf" zou je eerder in Blaricum of Doorn of in een ander dorp verwachten''.
Rigel 20:
Yn it foarjier fan 2007 ûntduts Haasse by har thús âlde krantestikken mei in aventoerenroman, ''Sterrenjacht'', dy sy yn 1949 skreau en yn 1950 as [[feuilleton]] ferskynd is yn [[Het Parool]], ûnder it pseudonym ''C.J. van der Sevensterre''. Oant 2007 wie net bekend dat Haasse efter dat pseudonym siet. <ref name="vk20070316">''Hella Haase ontdekt onbekende roman'', [[de Volkskrant]], 16 maart 2007.</ref>
 
Koart nei it ferskinen fan it boek Sterrenjacht in juny 2007 ward bekendmakke dat planetoïde 10250 de namme Hellahaasse krige. De [[planetoïde]] is ûntdutsen troch stjerrekundigen út Leien dy't dêrom de namme bepale mochten. Planetoïde (10250) Hellahaasse hat in diameter fan goed 4 km en foltôget yn 3,57 jier in folsleine omrin om de sinne hinne.
 
== Hella Haasse museum ==