Abe Lenstra Stadion: ferskil tusken ferzjes
Content deleted Content added
No edit summary |
|||
Rigel 13:
| boubegjin = [[1 oktober]] [[1993]]
| iepening = [[20 augustus]] [[1994]]
| boukosten = ƒ22.000.000 (1993)<ref>Albert van Keimpema (1995).
| architekt = Alynia Architecten <ref>[http://www.alynia-architecten.nl/index.php?menu=projecten&pt=3&pr=32&offset=0 Alynia Architecten] (sjoen op 6 maart 2013)</ref><ref>[http://www.sc-heerenveen.nl/club/abe-lenstra-stadion/informatie/bouw-en-opening Bouw en opening], sc-heerenveen.nl (sjoen op 6 maart 2013)</ref>
| eveneminten =
Rigel 21:
== Bou ==
Yn [[1990]] ûntstienen op It Hearrenfean de earste plannen foar in nij te bouwen fuotbalstadion doe't de gemeente mei plannen kaam om op it plak fan [[Sportpark Noard]] in psychiatrysk sikehûs te bouwen.<ref>Albert van Keimpema (1995).
Twa jier letter leinen de earste plannen al op tafel. Oan de eastkante fan de Rykswei 32 (sûnt [[2000]], doe't de dyk fjouwerbaans waard leit it stadion oan de westkante fan de Rykswei) moast it nije stadion komme.<ref>[http://www.sc-heerenveen.nl/club/abe-lenstra-stadion/informatie/bouw-en-opening Bouw en opening Abe Lenstra stadion], sc-heerenveen.nl (sjoen op 7 maart 2013)</ref> It plan fan de arsjitekten, dy't ideeën opdien hienen yn it honkbalstadion fan de [[New York Yankees]], bestie út in stadion mei fjouwer losse tribunes, dus mei iepen hoeken.<ref>Albert van Keimpema (1995).
Noch tidens de bou waarden de plannen foar it stadion alwer oanpast. Guon minsken fûnen dat ek de hoeken tichboud wurde moasten. De klup sels hie de sinten hjir net foar, dat in groep sakelju, besteande út [[Riemer van der Velde]], [[Lippe Lap]], [[Klaas Oenema]] en [[Klaas de Leeuw]], soarge derfoar dat de sinten, 2,4 miljoen [[gûne]] (likernôch 1 miljoen [[euro]]) yn totaal, der kamen.<ref>[http://www.sc-heerenveen.nl/club/abe-lenstra-stadion/informatie/bouw-en-opening Bouw en opening Abe Lenstra stadion], sc-heerenveen.nl (sjoen op 7 maart 2013)</ref><ref>Albert van Keimpema (1995).
Op [[1 oktober]] [[1993]] waard de earste peal slein troch [[Jos Staatsen]], doedestiids foarsitter fan de [[KNVB]], en op [[14 maart]] [[1994]] waard de earste stien lein troch foarsitter fan SK It Hearrenfean, [[Riemer van der Velde]].<ref>Albert van Keimpema (1995).
== Iepening ==
Rigel 37:
== Utwreidings ==
It Abe Lenstra Stadion hat yn har koarte skiednis al in stikmannich ferbouwings hân. De earste ferbouwing fûn einliks al by de bou plak troch it ticht meitsjen fan de hoeken. Yn [[1996]], [[1997]] en [[2000]] fûnen der ferbouwing plak om de kommersjele romtes grutter te meitsjen.<ref>[http://www.sc-heerenveen.nl/club/abe-lenstra-stadion/informatie/uitbreiding-stadion Uitbreidingen stadion], sc-heerenveen.nl (7 maart 2013)</ref> Hjirtroch naam ik tal plakken ta oant likernôch 14.300 yn [[2001]].<ref>Voetbal International (2001). ''Voetbal International, seizoengids 2001/2002''. Weekbladpers Tijdschriften, Amsterdam</ref> By de ferbouwing fan 1996 waarden de haadtribune en it gebou foar it stadion útwreide. Njonken it ekstra tal skyboksen koe ek de KNVB-Noard, in ôfdieling fan de KNVB dy't it amateurfuotbal yn it distrikt Noard regelet, har haadkantoar hjir fêstigje.<ref>Albert van Keimpema (1995)
Yn [[2002]] waad begûn mei de bou fan it projekt Sportstêd It Hearrenfean. Hjirmei waard de kapasiteit fan it stadion ferdûbele fan 14.500 sitplakken nei in totaal fan 26.800 plakken, wêrfan 1.000 steanplakken.
|