Abe Lenstra Stadion: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
J'88 (oerlis | bydragen)
Boarnferwizing oanpast
J'88 (oerlis | bydragen)
Rigel 123:
 
== Fasiliteiten ==
Ûnder de easttribune fan it stadion is Fryslân Fean Plaza fêstige. Dit is de supportersromte fan Sportklup It Hearrenfean en is likernôch 1.500 kante meter grut.<ref name="Fasiliteiten">[http://www.sc-heerenveen.nl/club/faciliteiten-stadion Faciliteiten Stadion], sc-heerenveen.nl (sjoen op 6 maart 2013)</ref> Yn dizze romte kin de oanhing foar asen nei wedstriden fan It Hearrenfean gearkomme. Ek kinne hjir feestlike en saaklike gearkomsten hâlden wurde.
 
It Fryslân Fean Plaza is oanklaait mei ferskate skaaimerken út de [[Fryske kultuer]]. Tocht kin wurde oan it [[skûtsje]], de [[Wetterpoarte (Snits)|Snitser wetterpoarte]] en in [[kop-hals-romppleats]].<ref name="Fasiliteiten">[http://www.sc-heerenveen.nl/club/faciliteiten-stadion Faciliteiten Stadion], sc-heerenveen.nl (sjoen op 6 maart 2013)</ref>
 
Oan de westkante fan it Abe Lenstrastadion binne de Feansjop en de Pronkkeamer fêstige. Yn de Feansjop wurde fanartikels ferkocht. Tocht moat wurde oan T-sjirts, sjalen, mûtsen, ensfh.<ref>[http://www.sc-heerenveen.nl/informatie-feansjop Feansjop], sc-heerenveen.nl (sjoen op 6 maart 2013)</ref> De Pronkkeamer is it museum fan SK It Hearrenfean en waard [[11 novimber]] [[1997]] troch [[Freek de Jonge]] iepene.<ref>[http://www.sc-heerenveencybercomm.nl/informatie-feansjop~pwouda/fotoweek46.html FeansjopFoto week 46 Abe Lenstra], sc-heerenveenCybercomm.nl (sjoen op 623 maart 2013)</ref> Hjir is ûnder oare de [[KNVB-beker]] dy’t yn [[2009]] wûn waard te besjen en binne de fuotbalskuon fan Abe Lenstra te pronk setten.
 
It Abe Lenstra stadion biedet ferskate mooglikheden foar bedriuwen en partikulieren om gearkomsten te hâlden. Dit kin yn de gearkomsteromten yn it stadion. Yn de Amstel Lounge is it mooglik in feest te organisearen. Ek is it stadion in offisjele troulokaasje, wêrtroch it mooglik is om op it fjild fan de Sportklup yn te boaskjen.<ref name="Fasiliteiten">[http://www.sc-heerenveen.nl/club/faciliteiten-stadion Faciliteiten Stadion], sc-heerenveen.nl (sjoen op 6 maart 2013)</ref>
 
Yn it stadion sit ek it restaurant 'De Ambiance' fêstige.<ref>[http://www.abelenstrastadion.nl/pageid=20/Restaurant_.html Restaurant], AbeLenstraStadion.nl (sjoen op 9 maart 2013)</ref>