Steapelrjocht: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L robot Erbij: nds-nl:Stoapelrecht
L Jus emporii -> Ius emporii; Linkfix Grins
Rigel 1:
It '''steapelrjocht''', yn it Latyn ''JusIus emporii'', is it rjocht dat guon stêden hienen op it keapjen fan al it guod dat troch de stêd kaam. Hjirta moast it guod foar in pear dagen, de ''steapeltiid'', yn de stêd ''steapele'' wurde.
 
It rjocht is nei gedachten troch [[Karel de Grutte]] ynsteld, en waard normaliter koft fan de keizer. Der binne lykwols ek stêden dy't dat rjocht fan de omlizzende gebieten krigen, koft of ôftwongen hawwe. Bygelyks is fan [[Grins (stêd)|Grins]] wis dat it yn [[1473]] it rjocht by ferdrach mei de [[Ommelannen]] krigen hat. It rjocht is ôfskaft troch it [[Kongres fan Wenen]].
 
Troch it steapelrjoch koe in plak foarby de stêd net konkurearje mei de stêd om't de stêd altiten de earste keap hie. It wie ek net tastien en farje om de ''steapelstêd'' hinne; it steapelrjocht gou ek foar ferkear yn de omkriten fan de stêd. At keaplju it steapelrjocht ûntgean woenen koe dat allinnich troch ''steapeljild'' te beteljen, dêr't it steapelrjocht mei ôfkoft waard, feitlikens in foarm fan tol. Sa koe guod dat farsk bliuwe moast gau troch de stêd komme, mar fansels waard it dêrtroch al doerder. Staepelrjocht hat dêrmei dúdlik in hinder west foar de ferkeap fan lanbougoud.