Eastamelânsk: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Nije Side: It '''Eastamelânsk''' is de foarm fan it Amelânsk, sa't dat sprutsen wurdt op it diel fan it Amelân dat beëasten de Ballumerbocht leit, dus yn 'e doarpen Nes en B...
 
No edit summary
Rigel 3:
Sa wurde de wurden "âld", "kâld", "hout", "sâlt" en "hûd" yn it Eastamelânsk skreaun en útsprutsen wurde as "''òòd''", "''kòòd''", "''hòòt''", "''sòòt''" en "''hööd''", en yn it Westamelânsk as "''oäd''", "''koäd''", "''hoät''", "''soät''" en "''huud''". Fierders bestiet der in ferskil by guon ferlytsingsfoarmen, lykas "doarpke", "koke" en "pylkje", dêr't it Eastamelânsk "''dörpje''", "''koetje''" en "''pieltje''" foar jout en it Westamelânsk "''dörpke''", "''koeike''" en "''pielke''". Ek guon útgongen ferskille, bygelyks de útgong "-aasje". Wurden as "federaasje" en "alteraasje" wurde yn it Eastamelânsk "''federaasje''" en "''alteraasje''", en yn it Westamelânsk "''federase''" en "''alterase''". Ferskillen yn it [[leksikon]] komme ek foar, mar net in protte. It meast opfallend yn dat ferbân is it typysk Eastamelânske wurd "''hèèt''" ("heit"), wylst "''fader''" yn beide subdialekten bestiet.
 
{{Stobbe-taal}}
 
{{boarnen|boarnefernijing=