Lier (stêd): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Xqbot (oerlis | bydragen)
L Robot: de:Leer (Ostfriesland) is een etalage-artikel; tekstwiziging
Rigel 25:
'''Lier''' ([[Sealterfrysk]]: '''Lier''', [[Dútsk]]: ''Leer'') is in stêd yn [[Leechsaksen]], yn it [[Landkreis Lier]]. De stêd hat sa likernôch 34.000 ynwenners en is dêrmei nei [[Emden]] en [[Auwerk]] de tredgrutste stêd fan [[Eastfryslân]].
 
De stêd is oarspronklik ûntstien oan ‘e iggen fan de [[Leda]], mar wreide him letter út nei de [[Iems]] ta. Sa koenen ek skippen fan see de stêd yn farre. Troch alle ferkearsferbiningen dy’t by Lier byinoar komme wurdt de stêd ek wol de Poarte fan Eastfryslân neamd (''Tor Ostfrieslands'').
 
Yn de lette 14e en iere 15e ieu wie Lier troch haadling [[Focko Ukena]] it politike sintrum fan Eastfryslân. Lykwols krige Lier earst [[stedsrjochten]] yn it jier 1823. Yn earder tiden wie Lier in [[flekke]], mar funksjonearre yn ‘e praktyk al folle langer as in stêd.
 
De âlde binnenstêd mei syn histoaryske huzen kin ta ien fan de moaiste stêden fan de regio rekkene wurde.<ref name="Kiesow127">[[Gottfried Kiesow]]: ''Architekturführer Ostfriesland''. Utjouwer Deutsche Stiftung Denkmalschutz, Bonn 2010, ISBN 978-3-86795-021-3, side 127.</ref> Fjouwer boargen, in ferskaat oan monumintale bouwurken, en tsjerken út ferskillende ieuwen binne yn ‘e stêd werom te finen.
Rigel 36:
 
=== Geology ===
It sintrum fan de stêd leit op in útrinner fan in Aldenboarchske-Eastfryske [[geast (sân)|geastgeastrêch]]rêch út de [[iistiid]]. Benammen yn it sintrum en yn dielen fan Loga en Logabirum bestiet de grûn faak út sân en blokliem. Om de geastrêch hinne leit yn it westen, suden en súdeasten de sompige grûn fan de Iems en de Leda. Dêrneist bestiet it gebiet om de rivieren hinne ek út feangrûn mei in laach slyk der oerhinne. Yn it noardeastlike diel fan it stedsgebiet, yn it noarden fan it stedsdiel Logabirum, bestiet de boaiem ek út feangrûn. Oarspronklik leinen yn it noarden fan de stêd noch ferskillende sânbulten, mar dy binne oan it begjin fan de 20e ieu ôfgroeven. Hjoed-de-dei leit it stedsgebiet tusken ien en sân meter boppe seenivo.<ref>[http://www.ostfriesischelandschaft.de/fileadmin/php/ortschronisten/Ortsartikel/HOO_Leer_Wessels.pdf Arbeitsgruppe der Ortschronisten der Ostfriesischen Landschaft, Paul Weßels: ''Stadt und Landkreis '']</ref><ref>Eberhard Rack: ''Kleine Landeskunde Ostfriesland''. Utjouwerij Isensee, Aldenboarch 1998, ISBN 3-89598-534-1, side 13 (Grafik)</ref>
 
=== Klimaat ===
Lier leit yn in matige sône en it klimaat wurdt beynfloede troch de [[Noardsee]]. Yn de simmer binne de deistige temperatueren leger as yn it binnenlân, yn ‘e winter binne de temperatueren ornaris heger as yn it binnenlân.
 
Neffens de [[klimaatklassifikaasje fan Köppen]] leit Lier yn in gebiet mei de yndieling ''Cfb.'' (tuskenbeiden seeklimaat).<ref>[http://koeppen-geiger.vu-wien.ac.at/ Waareldkoarte mäd aktualisierde Doaten uut ju Köppen-Geiger-Klimaklassifikation]</ref> Binnen dy matige sône is Lier ûnderdiel fan it ''Klimabezirk Niedersächsisches Flachland Nordsee-Küste''. It klimaat is maritym mei relatyf kâlde simmers mei relatyf in protte rein, mar de winters binne myld en der falt net in protte snie.
 
It waarstasjon dat it tichste by Lier leit is yn Emden.<ref>''[http://www.dwd.de/bvbw/generator/DWDWWW/Content/Oeffentlichkeit/KU/KUPK/Wir__ueber__uns/Organisation/Standortkarte,templateId=raw,property=publicationFile.pdf/Standortkarte.pdf Deutscher Wetterdienst: Standortkarte]'' (PDF-triem, 113 kB)</ref>
Rigel 233:
Ferskate blêden dy’t mei eigen advertinsjes betelle wurde (lykas de ''Ostfriesland Kompakt'', ''Sonntags-Report'', ''Kurier am Freitag'', ''Leer Aktuell''), ferskine elke wike of elke moanne en skriuwe oer lokaal nijs.
 
Yn de stêd is ek noch in studio fan radiostasjon ''Radio Ostfriesland''.
 
=== Skoalle ===
Rigel 402:
[[Kategory:Gemeente yn East-Fryslân]]
[[Kategory:Plak yn East-Fryslân]]
 
{{Link FA|de}}