Terp: ferskil tusken ferzjes
Content deleted Content added
L + Ofbylding |
|||
Rigel 1:
[[Ofbyld:800px-Hogebeintum1.JPG|thumb|right|300px|Hegebeintum]]
In '''Terp''' is in keunstmjittige hichte, oanlein yn de Fryske kuststreken, fan [[Belgje]] oant it suden fan
== Needsaak ==
Fryslân is foarme ûnder de ynfloed fan de see, en de see hat lange tiid frij spul op it Fryske lân hân. By [[seestiging]]en strûpte de see it lân der ûnder, wat foar de earste bewenners fan Fryslân altyd reden wie har hjir net permanint te wenjen te setten. Om 700 foar Kristus hinne setten minsken har op de hegere kwelderwâlen te wenjen, en doe’t rûn 500 foar Kristus wer in seestiging kaam, wie it foar guon mei in opheging fan har wenstee út te hâlden. Yn de tiden tusken seestigings waard it mooglik ek op oare plakken te wenjen, en om't der mear minsken kamen wie dêr ek ferlet fan. Dêrnei waard der by eltse nije seestiging in nije generaasje terpen boud.
Der binne sa fjouwer generaasjes fan terpen: fan [[500
De âldst bekende terp, en mei 8,8 m. ek de heechste, is dy fan [[Hegebeintum]], dy't [[600 f. Kr.]] al bewenne wie. Lykwols hawwe de measte terpen fan de earste generaasje oant de [[1e ieu f. Kr.]] net it hiele jier troch bewenne west. Fan doe oant de [[Frankyske tiid]] wie dat lykwols al sa.
== Bou ==
Terpen waarden opwurpen troch dong en seadden út de kwelder yn lagen te steapeljen. Yn de rin fan de tiid kaam hjir ek noch dong en de resten fan de tige fergonklike huzen by. Sa waarden terpen hieltyd heger. Terpen wiene meast ovaal fan foarm, mei skean ôfrinnende siden.
Der binne
Tusken [[Fly]] en [[Lauwers]] hawwe der al mear as tûzen terpen west. Dit hawwe foar in part ''hústerpen'' west, dêr't mar ien pleats op stie, mar in oar part wie ''doarpsterpen''. Guon terpen hienen plak foar in grut doarp mei ekstra romte tafoege foar lânbou. De grutste bekende terp wie dy fan [[Ezinge]], dy't 24 ha. grut wie.
Line 22 ⟶ 23:
== Taal ==
Oant de ein fan de Midsieuwen wie it wurd foar in wenhichte ''wert'', wat ek noch yn in soad
It wurd ''terp'' wie eartiids it Fryske wurd foar ''doarp''. ''Doarp'' is nei alle gedachten in Nederlânsk lienwurd, en troch de opkomst dêrfan is ''terp'' it wurd wurden foar de hege wenplakken. Yn it [[Sealtersk]]e wurd ''Täärp'' is de betsjutting fan doarp noch bewarre bleaun.
|