Wangpûde: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
nije side
(Gjin ferskil)

De ferzje fan 2 sep 2014 om 20.53

In wangpûde of wangsek is in oprekbere wangholte omjûn troch in oprekber stik hûd yn 'e wangen, dat foarkomt by beskate soarten sûchdieren. Hoewol't sokke lichemsdielen fral bekend binne fan guon kjifdieren, lykas hamsters, komme se ek foar by û.m. de measte apen, guon flearmûzen en it fûgelbekdier. De wangpûden fan grûniikhoarntsjes kinne like lang as har hiele lichem wêze as se fol sitte.

Wangpûden hawwe ferskillende funksjes. Yn it foarste plak meitsje se it flugge sammeljen fan iten mooglik, dat dan letter, op in feilich plak, yn alle rêst bepluze wurde kin; it is dus in evolúsjonêre adaptaasje om predaasje tsjin te gean. Dêrnjonken kin yn wangpûden tydlik iten opslein wurde, sadat it meinommen wurde kin nei in oar plak. Fral by apen, dy't yn 'e beammen gjin lidden frij hawwe om spul mei te tôgjen, is dy funksje fan belang. By beskate soarten hamsters stoppet it wyfke de jongen soms wol yn 'e wangpûden om se allegear yn ien kear nei in oar of feiliger nêst oer te bringen. Sommige hamsters blaze har wangpûden fol mei lucht as se swimme sille, sadat se min ofte mear as swimbantsjes of in rêdingsfest wurkje.

Der sitte lykwols ek neidielen oan it hawwen fan wangpûden. As der in skerp foarwerp yn stoppe wurdt dat de wangpûde oan 'e binnenkant ferwûnet, resultearret dat gauris yn 'e foarming fan in abses. En as dat úteinlik knapt, en it bist kriget de pus binnen, dan komt it wol foar dat it dêr dea oan giet. By hamsters dy't as húsdier holden wurde, moat men der fierders goed om tinke dat men se gjin nútsjesmoar (pindakaas) en oar soksoarte kleverich guod fuorret, want hoewol't se it graach meie, kin it yn 'e wangpûden hurd wurde. Dan krije se it der net mear út en kin de wangpûde ûntstutsen reitsje.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.