Kenia: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
omstavere 2015
Rigel 49:
Ut argeologyske fynsten fan [[fossyl|fossilen]] docht bliken dat yn East-Afrika miljoenen jierren lyn al minsken omrûnen. De ierst datearre [[Bonke (skelet)|bonken]] binne mear as seis miljoen jierren âld. Resinte fynsten fûn by de [[Turkanamar]] wize derop dat minskeftigen as [[Homo habilis]] en [[Homo erectus]] 2,6 miljoen jaar lyn yn Kenia libbe hawwe.
 
De skreaune skiednis fan Kenia begjint yn de [[8e ieuiuw]] as de [[Arabieren]] har oan de eastkust fêstigje. Yn [[1497]] berikt [[Vasco da Gama]] Kenia. Letter yn de [[16e ieuiuw]] fêstigen [[Portegal|Portegeeske]] hannelaren har oan de kust, oant sy yn [[1720]] troch de Arabieren fuortjage wurde. Yn [[1885]] wurdt it gebiet beset troch de [[Dútslân|Dútsers]] dy't der in koloanje fan meitsje wolle. As yn [[1888]] de [[Feriene Keninkryk|Britten]] yn it gebiet oankomme mei itselde plan as de Dútsers komt it lykwols net ta in striid omdat de Dútsers harren besittings yn [[1890]] oerdrage oan de Britten.
 
Healwei de [[20e ieuiuw]] ûntstiet yn Kenia in politike beweging dy't nei ûnôfhinklikens stribbet. Fan oktober [[1952]] oant desimber [[1959]] wie de needtastân fan krêft as gefolch fan in opstân tsjin it Britske bewâld. De opstân einiget as yn [[1957]] de Kenianen harren sels bestjoere meie en ferkiezings hâlden wurde. De ferkiezings wurde wûn troch de ''Kenya African National Union'' fan [[Jomo Kenyatta]] dy't in regearing foarmet.
 
Op [[12 desimber]] [[1963]] waard Kenia folslein ûnôfhinklik fan de Britten. Kenyatta waard ta earste presidint keazen. Tsjintwurdich is [[Mwai Kibaki]] presidint.
Rigel 63:
=== Talen ===
 
Kenia is in meertalich lân. De offisjele talen binne it [[Ingelsk]], yntrodusearre ûnder it [[Feriene Keninkryk|Britske]] koloniale bewâld tusken [[1890]] en [[1964]], en it [[Swahily]], dat al ieuweniuwen lang foar de koloniale oerhearsking as [[lingua franca]] fungeare tusken de ferskate folken. Yn totaal wurde yn Kenia 61 talen sprutsen. Sawat alle talen hawwe har oarsprong op it Afrikaanske kontinint en kinne ûnderferdield wurde yn trije taalfamilys; [[Bantoetalen]], dy't benammen yn it midden en súdeasten fan it lân sprutsen wurde, [[Nilotyske talen]] yn it westen en [[Koesjityske talen]] yn it noardeasten.
 
=== Religy ===